De Kalinin K-12 wie in eksperiminteel fleantúch dat ûntwikkele waard troch it Untwerpburo Kalinin yn de jierren 1930.

Kalinin K-12
algemiene ynformaasje
rol Eksperimintele bommesmiter
lân f. oarspr. Sovjet-Uny
makker Kalinin
ûntwerper Konstantin Kalinin
gebrûk
earste flecht 1936
tal makke 1 (+ 10 net ôfmakke produksjefleantugen)
brûkers Loftmacht fan de Sovjet-Uny

Untwerp en ûntwikkeling

bewurkje seksje

De K-12 wie bedoeld as sturtleaze bommesmiter. It tastel hie in laste stielen buiskonstruksje mei stoffen beklaaiïng en in dummy noas en sturtkoepels. De K-12 wie skildere yn in opsichtich kleureskema dat in fûgel foarstelde. Dêrom krige er de bynamme "Fjoerfûgel", neamd nei in Russyske legindaryske figuer. In sweeffleantúch op subskaal om de skaaimerken fan de K-12 te testen fleach yn 1934, bestjoerd troch V.O. Borisov. De K-12 op wiere grutte fleach yn de hjerst fan 1936 en waard demonstrearre op Tushino yn augustus 1937. It fierdere wurk oan 'e K-12 waard lykwols annulearre neidat Konstantin Kalinin arrestearre en eksekutearre waard as steatsfijân.

Technyske gegevens

bewurkje seksje
 
Eksperiminteel sweeffleantúch K-12P
Parameter Gegevens
Bemanning 3 (piloat/navigator/sturtskutter)
Lingte 8,00 m
Spanwiidte 18,00 m
Startgewicht 4200 kg
Oandriuwing twa luchtkuolle Shvetsov M-22 njoggensilinder stjermotors
Startfermogen 480 hk (sa'n 350 kW)
Heechste faasje 240 km/o op 3000 m
Tsjinstplafond 3000 m
Fleanberik 700 km
Bewapening 2 x 7.62 mm (0.300 in) SjKAS masinegewearen yn de noas- en sturtturrets.
500 kg (1,100 lb) bommen yn in fertikaal rak