Konstantin Kalinin

Konstantin Aleksejewitsj Kalinin (Russysk: Калинин Константин Алексеевич; Warsjau, 17 (29) desimber 1889, Russyske Keizerryk - Voronezj, 1938 of 21 april 1940) wie in fleander yn de Earste Wrâldoarloch en in Sovjet-Russyske fleantúchûntwerper.

Konstantin Kalinin

Kalinin wie in soan fan wachtmaster Aleksej Kirillovitsj Kalinin, syn mem Marianna Friderikovna wie in Poalske. Kalinin studearre ôf oan de Militêre Skoalle fan Odessa yn 1912, oan de Militêre Loftfeartskoalle fan Gatsjina yn 1916 en oan it Polytechnysk Ynstitút fan Kiëv yn 1925. Nei it Ferdrach fan Brest-Litovsk (1918) waard er piloat en befelfierend offisier yn tsjinst fan de Oekraynske Folksrepublyk. Yn 1927 waard er lid fan de Kommunistyske Partij fan de Sovjet-Uny (bolsjewiken). Yn 1926 stichte en late er in loftfeartûntwerpburo yn Charkov. Hy ûntwurp ûnder mear de Kalinin K-4, Kalinin K-5, Kalinin K-7 en Kalinin K-12.

Kalinin waard yn 1938 ûnder de Grutte Suvering fan Stalin eksekutearre fanwegen ûnderstelde "anty-Sovjet aktiviteiten en spionaazje". Neffens de Sovjetregisters stoar er yn 1940.

Hy wie ien fan de oprjochters fan it "Loftfeartynstitút Charkov". Hy waard ûnderskieden mei de Oarder fan de Reade Flagge fan de Arbeid.

Op 2 novimber 1990 waard in asteroïde nei Kalinin ferneamd: (3347) Konstantin.

Untwerpen en projekten

bewurkje seksje
 
Kalinin K-4
 
Kalinin K-12, 1936

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: