Voronezj (Russysk: Воронеж) is in stêd yn it súdwesten fan Ruslân en it bestjoerlike sintrum fan de oblast Voronezj. De stêd leit oan de Voronezj-rivier en likernôch tolve kilometer fan it plak ôf dêr't de Voronezj yn de Don rint. It ynwennertal is de lêste tiid foars tanommen en sûnt 17 desimber 2012 heart de stêd ta de miljoenestêden fan Ruslân.

Voronezj
Panorama
Flagge Wapen
Polityk
Lân Ruslân
Oblast Voronezj
Sifers
Ynwennertal 1.048.738 (2022)
Oerflak 596 km²
Befolkingstichtens 1.759 / km²
Hichte 154 m
Oar
Stifting 1586 of folle earder
Simmertiid (UTC+3)
Koördinaten 51° 40' N 39° 12' E
Webside Side fan de stêd
 
Voronezj yn de tiid fan Peter de Grutte

Ut argeologyske fynsten hat it bliken dien dat de hjoeddeiske stêd al sûnt de stientiid bewenne wurdt. De namme Voronezj wurdt foar it earst yn 1177 neamd. Yn it jier 1237 waard de delsetting troch de ynfal fan Mongoalen ferneatige.

Yn it jier 1586 waard op it tsjintwurdige stedsgebiet in houten fêsting (ostrog) oanlein om it plak te beskermjen tsjin de jimmeroan ynfallende Krim-Tataren. Nei't de fêsting yn 1590 ôfbaarnde waard yn 1594 in nije en gruttere fêsting oanlein, dy't ek yn de iuwen dêrnei bestean bliuwe soe.

Yn it midden fan de 17e iuw ferlear Voronezj it militêre belang foar de ferdigening fan it ryk om't de grins fan it tsaristyske Ruslân fierder nei it suden ferskode. Voronezj wie yn dy tiid al it grutste hannelssintrum fan it Russyske Swarte-Seegebiet. Mei de stifting fan in skipmakkerij yn 1696 troch Peter de Grutte waard yn Voronezj in begjin makke oan de opbou fan de Asov-float, dy't de oermastering fan Asov op de Ottomanen mooglik makke. Foar de stêd betsjutte de werf in útwreiding fan in grut tal nije fabriken.

De stêd hie tusken 1942 en 1943 slim te lijen fan de Dútske besetting. Likernôch 30.000 (fan de 350.000) ynwenners ferlearen yn dy tiid it libben of waarden ôffierd foar twangarbeid yn Dútslân. In tal wichtige monuminten, lykas de Nikolaastsjerke en it Potemkin-paleis út de 18e iuw, waarden rekonstruearre, mar in grut diel fan de weropbou fûn lykwols plak yn de styl fan it sosjalistyske klassisisme.

Voronezj is hjoed-de-dei in belangryk sintrum fan yndustry, wittenskip en kultuer. De befolking fan de stêd naam troch nije ynwenners mar ek troch weryndieling ta oant oer de miljoen; de agglomeraasje Voronezj telt lykwols mear as 1,3 miljoen minsken. De stêd is boppedat in studintestêd mei meardere hegeskoallen en sân universiteiten.

Befolkingsûntwikkeling

bewurkje seksje
Jier 1897 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2010 2014 2022
Befolking 80.599 326.932 447.164 660.182 782.950 886.844 848.752 889.680 1.014.600 1.048.738
 
Lenin-plein

It besjen wurdich

bewurkje seksje

Yn Voronezj binne noch in tal fan gebouwen it besjen wurdich, dy't it tiidrek fan de barok (gûverneurspaleis yn it sintrum) oant it klassisisme (noch in paleis fan de gûverneur en in gebou fan Giacomo Quarenghi) fertsjintwurdigje. It gebou fan Giacomo Quarenghi waard nei de Twadde Wrâldkriich útwreide, mar dêrby waard de styl net feroare. Oeral yn de stêd binne gebouwen út ferskate boutiden te finen, lykas de stalinistyske teäters en bestjoersgebouwen fan it Spoar of it histoarisme en de Jugendstil by it Bristol-hotel út de iere 20e-iuw.

Alhoewol't der monumintale tsjerken yn de tiid fan it kommunisme waarden sloopt, binne der noch in rige fan tsjerken yn de typyske russsyke styl it besjen wurdich, lykas de Untsliepenistsjerke en twa bekende otterdokse kleasters, wêrûnder in grottekleaster. Yn de jierren 1980 waard in poppeteäter stifte, wêrfan't it gebou ûntwurpen en útfierd waard troch Litouske keunstners.

Yn in grut iepenloftmuseum binne boppedat opgravings fan in delsetting fan de Alanen te sjen. Om Voronezj hinne binne in soad resten fan de Koergankultuer te sjen en oare ynteressante argeologyske objekten.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Woronesch