De Kalinin K-7 (Russysk: Калинин К-7) wie in swier eksperiminteel fleantúch dat yn it begjin fan de jierren 1930 yn de Sovjet Uny ûntwurpen en test waard. It tastel wie ornearre as tige swiere bommesmiter of kommersjeel fleantúch mei in brede romp.

Kalinin K-7
De Kalinin K-7 op it fleanfjild fan Charkov yn 1933.
De Kalinin K-7 op it fleanfjild fan Charkov yn 1933.
algemiene ynformaasje
rol Bommesmiter, ferkearsfleanmasine
lân f. oarspr. Sovjet-Uny
makker Kalinin
ûntwerper Konstantin Kalinin
gebrûk
earste flecht 11 augustus 1933
yn tsjinst 21 novimber 1933 (crash)
tal makke 1
Kalinin K-7 mei bemanning foar in testflecht

Untwerp en ûnjouwing

bewurkje seksje

De Kalinin K-7 bestie út in elliptyske fleugel fan 2,33 meter dik mei in spanwiidte fan 53 meter, wêryn 't oant 120 passazjiers ûnderbrocht wurde koene. It lâningsgestel bestie út twa grutte gondels mei elk twa ûnbidich grutte tsjillen en, yn 'e militêre ferzje, twa skuttersposten. De passazjiers koene it ynterieur fan it fleantúch berikke fia in trep yn de lâningsstelpoaten. Oan de ein fan de dûbele sturtbeam mei trijehoekige trochsneed wiene ek de skuttersstasjons. De twa fertikale stabilisatoaren mei skoaren wiene dêrop montearre en mei-inoar ferbûn mei in ekstra skoar, dy 't in fariabele ynfalshoeke hie. De basisstruktuer fan it fleantúch bestie út laske KhMA chroom-molybdeenstielen buizen mei yn haadsaak stoffen beklaaiïng. Allinne de middenseksje fan de fleugel, de gondels fan it lâningsgestel, de motors en de piloatekabines wiene beklaaid mei duraluminium.

Konstantin Kalinin begûn yn 1930 mei it ûntwerp. Doe 't it prototype klear wie, soene de earste taksyetests begjinne op 29 juny 1933, mar neidat de motoaren starten wiene, treden der slimme trillingen op yn ferskate ûnderdielen, benammen yn de sturtbeam. Nei 't in soad strukturele fersterkingen oan it kasko oanbrocht wiene, koene de taksyetests op 9 augustus begjinne.

Twa dagen letter wie it tastel syn earste flecht op 11 augustus 1933. By de testflecht kamen noch mear defekten oan it ljocht. De katastrofe kaam op 21 novimber fan itselde jier doe't, as gefolch fan de al bekende trillingen by in mjitflecht, ien fan de twa sturtsteunen ûnder de flecht bruts en it fleantúch dêrnei fan in hichte fan 100 meter ynienen yn in bocht fleach en de grûn rekke. By de crash en de oanfolgjende brân ferlearen 14 bemanningsleden it libben, dêr't Kalinins âlde testpiloat Mikhail Snegiryov by wie, en ien passazjier. Fiif minsken oan board oerlibben. Koart dêrnei waard begûn mei de bou fan noch twa K-7's mei fjouwerkante sturtbeammen, mar de tastellen waarden nea foltôge en it hiele projekt waard úteinlik yn 1935 oerjûn.

Technyske gegevens

bewurkje seksje
 
Kalinin К-7
Parameters Feiten
Bemanning 11
Kapasiteit 120 passazjiers / 7.000 kg fracht /
Lingte 28,00 m
Spanwiidte 53,00 m
Fleugeloerflak 454,0 m²
Fleugellingte 6,2
Belêsting oerflak 83,7 kg/m²
Leechgewicht 24.400 kg
Startgewicht 38.000 kg
Oandriuwing sân floeistofkuolle 12-silinder-V-motors M-34F
Fermogen 610 kW (830 hk) by de start
552 kW (750 hk) nominaal fermogen
Heechste faasje 234 km/o
Krúsfaasje 180 km/o
Tsjinstplafond 4000 m
Bewapening seis 7,62-mm-MG SjKAS (op syn minst)
3x 20 mm (0.79 in) kanonnen (op syn minst)
Bommelading 9000 kg


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dit artikel is foar in part oerset út Dútske en it Ingelske artikel