Uny fan Kalmar

(Trochferwiisd fan Kalmaruny)

Mei de Uny fan Kalmar waarden it keninkryk fan Denemark, Noarwegen en Sweden ferienige ûnder ien kroan. De uny bestie yn it tiidrek 1397 - 1523.

Uny fan Kalmar oan it begjin fan de 16e iuw.

De uny is yn Kalmar ûntstien neidat de Deenske keninginne Margareta fan Denemark (1353 - 1413) de Sweedske kening Albert fan Mecklenburg ferslein hie. De Deenske keninginne koe har neef Erik fan Pommeren op de Noarske troan krije, wêrnei dy ek kening fan de oare twa lannen waard.

De uny wie in persoanlike uny; de lannen holden har ûnôfhinklikens, mar hienen deselde kening. De agressive bûtenlânske polityk fan Denemark wie net goed foar de hannelspolityk fan Sweden, dat yn 1523 luts Sweden him werom út de uny. De uny fan Denemark en Noarwegen gong noch troch oant 1536, doe Denemark Noarwegen anneksearre.

It gebiet fan de Uny fan Kalmar omfieme ek Yslân, Grienlân, de Orkaden, Sjetlân, de Faeröer en Finlân, dy't part fan de trije lannen wienen. Sa besjoen kin de Uny fan kalmar beskôge wurde as in foarrinder fan de Noardske Ried.