Nordisk Råd (da, no)
Nordiska rådet (sv)
Norðurlandaráð (is)
Pohjoismaiden neuvosto (fi)


De flagge fan 'e Noardske Ried sûnt 2016.
offisjele talen: Deensk, Finsk, Yslânsk, Noarsk, Sweedsk
wurktalen: Deensk, Noarsk, Sweedsk
haadkertier: Keappenhaven (Denemark)
oprjochte: 1952 (1971 Noardske Ried fan Ministers)
siktaris-generaal: Jan-Erik Enestam
oerflak: 3.493.000 km²
1.318.412 km² (sûnder Grienlân)
ynwennertal: 24.229.610
befolkingstichtens: 6,9/km² 18,7/km² sûnder Grienlân)
muntienheid: Noarske kroan
Sweedske kroan
Deenske kroan
Yslânske kroan
euro (Finlân)
tiidsône: UTC -3 oant +2

De Noardske Ried en de Noardske Ried fan Ministers is in gearwurkingsferbân fan Skandinavyske lannen. De ried waard yn 1952 stifte mei ta doel in mienskiplike arbeidsmerk, feiligens en it frij reizgjen sûnder paspoart yn 'e lidsteaten (inkeld foar ynwenners fan 'e lidsteaten).

De neikommende lannen binne lid:

It haadkertier fan de Ried sit yn Kopenhagen. Yn 'e oare lidsteaten binne der lytsere kantoaren. De Ried hat op himsels gjin foech; as de Ried mei in útstel komt, moat er earst goedkard wurde troch de parleminten fan de oanbelangjende lidsteaten.

De Noardske Ried is nei de Twadde Wrâldkriich stifte yn 1952. De earste resultaten wienen it foar mekoar krijen fan 'e frije merk ekonomy yn 'e lidsteaten. Oare resultaten binne it frij reizgjen yn 'e lidsteaten foar ynwenners fan 'e lidsteaten. Der ha plannen west om de Noardske Ried krekt as de Jeropeeske Ekonomyske Mienskip yn te organisearjen, dêr't oer ferdrach praat waard. Finlân woe it ferdrach lykwols net ratifisearje. Tenei melden Denemarken en Noarwegen har oan foar it JEM lidmaatskip. Inkeld Denemarken waard yn 1973 lid, Noarwegen hy by in referindum tefolle stimmen tsjin it útstel. Sweden woe ek op himsels bliuwe en gean net yn 'e JEM. Yn 1995 woene Finlân en Sweden wol lid wurde fan 'e Jeropeeske Uny.

Siktarissen-generaal

bewurkje seksje
 
De flagge fan 'e Noardske Ried oant 2016.

Noardske Ried fan Ministers

bewurkje seksje

De Noardske Ried stiet noed foar gearwurking mei de oanbelangjende parleminten. De Noardske Ried fan Ministers, oprjochte yn 1971, hâld him dwaande mei gearwurking tusken de regearingen fan de lidsteaten.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
Noardske Ried  
Lannen:
  Denemark  Finlân  Yslân  Noarwegen  Sweden
Autonome gebieten:
  Ålâneilannen  Fêreu-eilannen  Grienlân
  ·   ·