Kameleondoarp Terherne
It Kameleondoarp Terherne (Nederlânsk en offisjeel: Kameleondorp Terherne) is in temapark yn Terherne, dat wijd is oan de populêre boekesearje De Kameleon fan skriuwer Hotze de Roos.
Kameleondoarp Terherne | ||
ferdivedaasjepark | ||
logo | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Fryske Marren | |
plak | Terherne | |
adres | Koailân 2 | |
koördinaten | 53°02′29″N 5°46′47″E | |
bysûnderheden | ||
type | temapark | |
tema | De Kameleon fan Hotze de Roos | |
iepen | maaie o/m aug. | |
attraksjes | 3 | |
wetterattr. | 2 | |
besikers | 35.000 (2013)[1] | |
skiednis | ||
ferneamd nei | de Kameleon (boat) | |
iepening | 1997 | |
offisjele webside | ||
www.kameleonterherne.nl | ||
kaart | ||
Lokaasje yn Fryslân.
|
Skiednis
bewurkje seksjeIt Kameleondoarp is ûntstien op it plak dêr't De Roos yn 1980 in sulveren pinne kado krige fan de Terhernster legere skoalle. De bern fan dy skoalle wienen sljocht op de ferhalen oer De Kameleon en koenen net begripe dat De Roos nea in literatuerpriis wûn hie. Dêrom besleaten de learlingen de skriuwer út te nûgjen foar in wiere priisútrikking. Doe't de fraach steld waard oft de aventoeren fan Hylke en Sytse Klinkhamer har yn Terherne ôfspile hienen, andere De Roos: "It soe yn Terherne spile kind hawwe."
Mei troch dizze útspraak fan de skriuwer (ek Grou woe Kameleondoarp wurde) ûntstie yn Terherne in groep dy't harsels "freonen fan de Kameleon" neamde, en it plan opfette om in doarp ferrize te litten dêr't de boeken oer De Kameleon ta libben komme koenen. Op 29 maart 1994 waarden de plannen foar it doarp presintearre. Goed trije jier letter, yn 1997, waard it doarp iepene foar it publyk.
By de bou fan it doarp is besocht om it safolle mooglik lykje te litten op it doarp út de boeken. Sa leit de boat "De Kameleon" neist "Hotel De Gouden Leeuw", en triuwt er in echte pream foar in rûnfeart. It is mooglik by it eilân "Grutsân" oan te gean, dêr't boarte wurde kin mei de 'fjouwer eleminten fan de natoer'. Fansels hielendal yn Kameleonstyl. De smidderij fan Klinkhammer (de heit fan de haadpersoanen Hylke en Sytse) sit yn it saneamde "Kameleon-ervarium", dêr kin ek it gemeentehûs en de Wâldaap besjoen wurde. Simmerdeis rinne mear haadpersoanen út de boeken troch de buorren.
Fan 2013 ôf is de attraksje ek winterdeis iepene. In profesjonele dekôrbouwer hat it Kameleondoarpke in winterske sfear jûn. Yn in ferhaal oer Hylke en Sietse en iisprinses Katinka kin men op 'e siik nei it beferzen fjoer. Ek koe der yn de winter fan 2018 smeid wurde yn de smidderij fan klinkhamer. Yn 2014 is in minwaar- en feestakkommodaasjee, "het Wapen van Lenten" tafoege.
It Kameleondoarp waard yn 2014 troch de ANWB oanwiisd as 'leukste uitje van Friesland'.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|