Kamera lusida
In Kamera lusida (Latyn foar 'heldere keamer') is in optysk ynstrumint, dat bestiet út in ferstelbere stange dy't mei in klamme oan 'e tafel fêstmakke wurdt. Oan de boppekant sit in 'licht' spegele prisma yn in metalen behuzing. Boppedat befettet dy metalen hâlder twa linzen. Op en lâns it 'licht' spegele prisma sjocht de tekener twa bylden; ien fan it objekt en ien fan 'e hân. Troch dat prisma krekt ôf te stellen, wurdt in byld of in folsleine foarstelling yn de winske ôfmjittings op papier projektearre. By dy projeksje wurdt gjin ekstra ljocht brûkt. It ynstrumint is yn 1806 betocht troch de Ingelske natuerkundige William Wollaston en waard benammen yn de njoggentjinde iuw brûkt.
Sjoch ek
bewurkje seksje
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Camera lucida fan Wikimedia Commons. |