De kamieldieren (wittenskiplike namme: Cameloidea) foarmje in boppefamylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e evenhoevigen (Artiodactyla) en it ûnderskift fan 'e ylpoatigen (Tylopoda). Ta dizze taksonomyske groep hearre twa famyljes, de útstoarne Oromerycidae en de kamieleftigen (Camelidae). Dy lêste famylje omfiemet noch sân libbene soarten, te witten it Arabyske kamiel of de dromedaris (Camelus dromedarius) út it Midden-Easten en Noard-Afrika, it Baktryske kamiel (Camelus bactrianus) en it wylde Baktryske kamiel (Camelus ferus) út Sintraal-Aazje, en de lama (Lama glama), de gûanako (Lama guanicoe), de alpaka (Lama pacos) en de fikûnja (Lama vicugna) út 'e Andes fan Súd-Amearika.

Kamieldieren
In keppel dromedarissen (Camelus dromedarius).
In keppel dromedarissen (Camelus dromedarius).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: evenhoevigen (Artiodactyla)
ûnderskift: ylpoatigen (Tylopoda)
boppefamylje: kamieldieren (Cameloidea)
Gill, 1872

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.