Kamp-Lintfort is in stêd yn 'e Kreis Wesel yn 'e Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen.

Kamp-Lintfort
Barokke tún mei Kleaster Kamp.
Barokke tún mei Kleaster Kamp.
Emblemen
Bestjoer
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Noardryn-Westfalen
Kring Wesel
Sifers
Ynwennertal 38.731 (31.12.2023)
Oerflak 63,14 km²
Befolkingsticht. 613 ynw./km²
Hichte 33 m boppe seenivo
Oar
Postkoade 47475
Koördinaten 51° 30' N 6° 32' E
Offisjele webside
kamp-lintfort.de
Kaart
Kamp-Lintfort (Noardryn-Westfalen)
Kamp-Lintfort

Prehistoarje

bewurkje seksje

De âldste resten fan in delsetting op it plak dêr't hjoed-de-dei Kamp-Lintfort leit datearje út it neolitikum (3000-1800 f.Kr.). Yn 'e tiid fan de Romeinen lei it plak yn it grinsgebiet tusken it Romeinske Ryk en Germaanje.

De earste fermelding fan it plak giet werom op in dokumint út 856. Op 31 jannewaris 1123 waard mei stipe fan 'e Keulske aartsbiskop Freark I it earste Sistersjinzerke kleaster fan Dútslân stifte. Fanút Kamp waarden nochris likernôch 100 oare Sistersjinzerske kleasters stifte oant yn 'e Baltyske lannen ta. Nei de Keulske Kriich (1583 oant 1588), in konflikt dat ûnstie troch't de Keulske aartsbiskop Gebhard I fan Waldburg op it protestantisme oergie, ferliet de lêste abt it kleaster. Pas yn 1640 kamen de earste Sisterzjinzers werom, dy't op it plak it kleaster op 'e nij opbouden.

Nei it begjin fan 'e Tritichjierrige Kriich (1620) setten de Spanjerts útein mei it oanlizzen fan 'e Fossa Eugeniana, in kanaal dy't de Ryn mei de Maas ferbine moast. It kanaal rûn fuort by it kleaster lâns. Yn Kamp-Lintfort waarden boppedat meardere skânsen oanlein om it gebiet tsjin de Nederlanners te ferdigenjen.

Yn 1794 foelen de Frânsen it Rynlân yn. De sekularisaasje waard ynfierd en foar de abdij fan Kamp betsjutte dat yn 1802 de ein fan it bestean. De kleastergebouwen waarden hast allegear ôfbrutsen, mar de kleastertsjerke bleau bestean as in parochytsjerke. Nei de delgong fan Napoleon Bonaparte waarden de gebieten oan 'e lofter kant fan 'e Ryn oan Prusen oerdroegen.

 
De skacht Friedrich Heinrich.

De bou fan 'e myn Friedrich Heinrich brocht grutte feroarings yn it foarhinne agraryske karakter fan it gebiet. Tegearre mei de Niederberg-myn yn Neukirchen foarme de myn de meast westlike grins fan 'e koalewinning yn it Ruhrgebiet. De mynbou waard fierder útwreide en tegearre mei de bou fan in nije stienfabryk ûnstie in hiele nije delsetting op de frije flakte. Troch de oanwaaks fan in befolking út oare parten fan it lân feroaren ek de religieuze ferhâldings fan 'e befolking. Oarspronklik wie de befolking hast hielendal katolyk, mar yn 1914 waard der in protestantske needtsjerke boud, dy't yn 'e jierren 1928-1930 ferfongen waard mei de bou fan 'e Christuskirche.

Yn 1934 wie der in weryndieling en waard Kamp mei de doarpen Kamperbruch, Lintfort, Rossenray en Saalhoff gearfoege ta de gemeente Camp-Lintfort, dat letter de kreaun waard as Kamp-Lintfort.

De bombardeminten op Dútslân yn 'e Twadde Wrâldkriich brochten benammen skea oan 'e dielen dy't tichteby de minen leine. Doe't de alliearre opmars yn 'e maaitiid fan 1945 nadere, rekke ek it Kleaster Kamp slim skeind.

Yn de jierren 1970-1980 krige Kamp-Lintfort op it braaklizzende terrein en de ûnbeboude flakte dêrom hinne in folslein nije binnenstêd mei in nij gemeentehûs. Yn 1988 waard in begjin makke mei de rekonstruksje fan de barokke tún fan it Kleaster Kamp, dy't op 1 oktober 1990 ôfsletten waard.

Befolkingsûntwikkeling

bewurkje seksje

Oant yn it begjin fan 'e 20e iuw wennen der hast gjin minsken yn it tsjintwurdige stedsgebiet. Bûten de stedsdielen Kamp en Hoerstgen wiene de oare gebieten tige tin befolke. Yn 1910 lei it ynwennertal op sa'n 3.000 ynwenners, mar oant 1939 wie it tal troch de mynbou tanommen oant 23.300. De measte nije bewenners wiene ôfkomstich út it easten fan it lân of út Poalen. Nei de Twadde Wrâldkriich waarden nije wiken boud en yn 1960 lei de befolking fan de gemeente al op likernôch 35.000. Oant 1995 bleau de befolking tanimmen oant 41.000, mar sûnt dy tiid sakket it ynwennertal troch û.o. it fermindere belang fan 'e koalewinning stadich.

Jier 1910 1939 1946 1961 1970 1980 1995 2000 2012 2021
Ynwenners 3.000 23.300 24.315 34.768 38.294 39.766 41.267 40.755 37.093 37.847

Stedsyndieling

bewurkje seksje

De stêd Kamp-Lintfort is te ferdielen yn tsien stedsdielen: Stadtkern; Niersenbruch; Rossenray; Lintfort; Gestfeld; Geisbruch; Dachsbruch; Kamp; Hoerstgen; Saalhoff.

It besjen wurdich

bewurkje seksje

Nei it foarbyld fan de stêd Duisburg waard yn 2018 ek yn Kamp-Lintfort besletten om by guon sebrapaden de ljochten mei mynwurkersmantjes en in mynlampe út te rêsten.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Kamp-Lintfort