Kansas City (Kansas)

Kansas City is de op twa nei grutste stêd yn 'e Amerikaanske steat Kansas, en it haadplak fan Wyandotte County. De namme wurdt gauris ôfkoarte ta KCK. Neffens de folkstelling fan 2010 hie it doe krapoan 146.000 ynwenners; dêrmei wie it yn 2000 de 142ste stêd fan 'e Feriene Steaten. Neffens oerflak nimt it it 48ste plak yn. Kansas City leit oan 'e rivier de Missoury, dy't de eastgrins fan 'e steat Kansas foarmet. Rjocht foar de stêd oer, oare kant de rivier, leit it folle gruttere Kansas City yn 'e steat Missoury. Tegearre foarmje de beide Kansas City's it hert fan 'e stêdekloft dy't bekend stiet as de Kansas City Metropolitan Area, en dy't in befolking fan mear as 2 miljoen minsken hat.

Kansas City
Emblemen
            
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Kansas
County Wyandotte County
Sifers
Ynwennertal 145,786 (2010)
Oerflak 332,5 km²
Befolkingsticht. 440,4 / km²
Stêdekloft Kansas City (Missoery)
Hichte 266 m
Oar
Stifting 1868
Tiidsône CST (UTC-6)
Simmertiid CDT (UTC-5)
Koördinaten 39°06'23"N 94°40'34"W
Offisjele webside
www.wycokck.org
Kaart
De lizzing fan Kansas City (read) yn Wyandotte County en de steat Kansas.
Dizze side giet oer Kansas City yn 'e steat Kansas. Foar Kansas City yn 'e steat Missoery, sjoch: Kansas City (Missoery).

Kansas City waard yn 1868 stifte op Kaw Point, it plak dêr't de rivier de Kansas útmûnet yn 'e gruttere rivier de Missoury. It krige yn 1872 de status fan stêd. Tsjin 1920 waard it ynwennertal fan 100.000 berikt. Yn 1997 waard yn referindum troch de kiezers in útstel goedkard om it stedsbestjoer gear te foegjen mei it bestjoer fan Wyandotte County. Sûnt dy tiid bestiet der yn Kansas City ûnder it steatsnivo dus noch mar ien bestjoerslaach. Wyandotte County omfettet ek de ûnôfhinklike stêden Bonner Springs en Edwardsville, dy't dus noch wol in eigen bestjoer hawwe.

Berne yn Kansas City (Kansas)

bewurkje seksje

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.