Kapan
Kapan (Armeensk: Կապան) is in Armeenske stêd mei likernôch 43.000 ynwenners (2011) en de haadstêd fan 'e provinsje Sjûnik. Kapan leit yn it súdeast fan Armeenje oan 'e grins mei Nagorno-Karabach en tichteby de grins mei Iran. De stêd is wat ekonomy oanbelanget ôfhinklik fan mynbou.
Kapan Կապան | ||
Monumint fan Davit Bek yn Kapan | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Armeenje | |
provinsje | Sjûnik | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 43.190 (2011) | |
Oerflak | 36 km² | |
Hichte | 910 m | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC+4 | |
Koördinaten | 39°12'N 46°24'E | |
Offisjele webside | ||
www.kapan.am | ||
Kaart | ||
Namme
bewurkje seksjeDe namme Kapan is ôflaat fan it Ald-armeenske haadwurd kapan (нанкание), itjinge 'berchpas' betsjut. Letter evolearre de namme nei Ghapan (Ղափան). Dy namme bleau oant 1991 yn gebrûk. Yn dat jier waard de âlde foarm wer ynfierd as offisjele plaknamme.
Skiednis
bewurkje seksjeOan it begjin fan 'e 18e iuw hie de kommandant David Bek de lieding fan 'e befrijing fan Sjûnik tsjin de Perzen en de ynfallende Turken. Hy wurdt yn 'e stêd mei in byld fereare.
Yn 'e Earste Nagorno-Karabach-kriich waard Kapan yn 1992 bombardearre troch artillery út Azerbeidzjan. De bombardeminten makke slachtoffers ûnder de ynwenners en late yn desimber ta in Armeenske operaasje, wêrby't ferskillende Azerbeidzjaanske grinsdoarpen ynnommen waarden.
Kapan waard yn 1995 de haadstêd fan 'e nije provinsje Sjûnik.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kapan fan Wikimedia Commons. |