Karel Eduard van Charante
Karel Eduard van Charante (Utert, 2 novimber 1894 - dêre, 1 augustus 1985) wie in Nederlânsk faksist.
Van Charante wie accountant fan syn berop. Hy wie lid fan de Algemeene Nederlandsche Fascisten Bond (ANFB), dêr't er ûnder mear warber wie yn de reörganisaasjekommissy 1932-1933. Nei't er by de ANFB weigien wie, rjochte er febrewaris 1933 de Nederlandsche Fascisten Unie op. Hy wie listlûker by de Keamerferkiezings yn 1933.
Nei de Twadde Wrâldkriich waard er feroardiele ta de deastraf om reden fan it trochspyljen fan ynformaasje oan it Dútsk leger. Letter waard dat fonnis omset yn tweintich jier finzenis.
Hy wie in pakesizzer fan de dichter Nicolaas Antonie van Charante.