Nederlandsche Fascisten Unie
De Nederlandsche Fascisten Unie (NFU) wie yn 1933 in Nederlânske fassistyske politike partij.
De NFU waard 26 febrewaris 1933 oprjochte fan K.E. van Charante. Sy ûntstie út in spjalt fan de Algemeene Nederlandsche Fascisten Bond. Yn 1933 die de NFU mei oan de ferkiezings foar de Twadde Keamer, mei Tony W. Hooykaas as kandidaat. De partij krige 1771 stimmen, 0,04% fan it totaal (yn De Haach 0.19%, yn Amsterdam 0.03%, yn Haarlim 0,09%, yn Utert 0,18% en yn Swol 0,28%).
De Aanval wie it partijblêd.