Karin Harmsen
Karin Harmsen-Roosen (Learsum, 11 maart 1962) is in earder Nederlânsk sitfollybalster en hja wennet yn Learsum.
Karin Harmsen | ||
sporter | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Karin Harmsen-Roosen | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 11 maart 1962 | |
berteplak | Learsum | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Sitfollybal | |
ûnderdiel | spulferdielster | |
P.S. | Atene 2004, Peking 2008 | |
wichtige prestaasjes | ||
1x sulver Paralympyske Spullen 2004 1x brûns Paralympyske Spullen 2008 |
Harmsen hat meidien op de Paralympyske Simmerspullen 2004 yn Atene, doe helle hja mei de Nederlânske ploech sulver. Fjouwer jier letter, yn 2008, die Harmsen wer mei oan de Paralympyske Spullen, op de Paralympyske Simmerspullen waard der brûns helle. De ploech bestie fierder út: Sanne Bakker, Karin van der Haar, Paula List, Djoke van Marum, Elvira Stinissen, Josien ten Thije, Rika de Vries en Petra Westerhof. Harmsen hat nei de Spullen har karriêre beëinige.