Karl Friedrich Christian Ludwig Freiherr Drais von Sauerbronn (Karlsruhe, 29 april 1785 - dêre, 10 desimber 1851), yn 't koart Karl Drais, wie de útfiner fan de draisine, of rinfyts, de foarrinner fan de fyts yn de Biedermeierperioade.

Karl Drais yn 1820

Libben en wurk

bewurkje seksje
 
Drais op syn rinfyts (1819)

Karl Drais wie in soan fan in jurist. Hy studearre oan de boskbou-akademy en ek wis- en natuerkunde oan de universiteit fan Heidelberch.

Drais waard houtfester yn tsjinst fan gruthartoch Karel fan Baden en nifele yn syn frije tiid oan apparaten, wêrmei't de minske him effisjinter foarút komme kinne soe.

Drais wurke ûnder mear oan in wein mei fjouwer tsjillen, dy't mei de fuotten yn 't plak fan hynstekrêft op in goede dyk flugger gie as oar reau. De presintaasje fan dy wein yn Wenen yn 1814 waard lykwols in fiasko. Letter waard it troch Drais betochte systeem wol tapast op weintsjes dy't op reels rûnen en dy't ek draisine neamd wurde.

Drais syn wurkjouwer, de gruthartoch fan Baden, wie oars wol ûnder de yndruk rekke fan syn prestaasjes en soarge derfoar dat er him hielendal oan syn útfiningen wijde koe mei behâld fan salaris. De gruthartoch joech him de titel "Professor der Mechanik".

Drais ûntwikkele dêrnei in twatsjiller, de saneamde draisine, velocipede of rinmasine; dy soe de foarrinner wurde fan de hjoeddeiske fyts. Hy yntrodusearre syn fynst foar it earst yn 1817 yn Mannheim. By de earste proefrit helle er 15 km/o. Letter makke er ek útfieringen mei trije tsjillen. Museum Paleis it Loo yn Apeldoarn hat dêr in eksimplaar fan, boud om 1820 hinne.

Yn lettere jierren betocht Drais ûnder oare noch in stoompanne, in periskoop en in skriuwmasine. Dy lêste joech er de tapaslike namme "Schnellschreibmaschine".

Keppeling om utens

bewurkje seksje