Karsinology

(Trochferwiisd fan Karsinolooch)

Karsinology is de tûke fan 'e biology dy't him taleit op it bestudearjen fan kreefteftigen, en heart dêrmei ta de soölogy. It wurd 'karsinology' komt fan it Grykske καρκίνος, karkínos ("krab"), en -λογία, -logia ("kunde"). De karsinology omfiemet ek wer ferskillende subdissiplines, lykas astakology, de stúdzje fan swietwetterkreeften, en sirripedology, de stúdzje fan rankpoatkreeften (lykas seepokken en einemoksels).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch dizze side.