Karyske Poarte
De Karyske Poarte of Karastrjitte (Russysk: Карские Ворота; Karskieje Vorota) is in smelle seestrjitte yn de Noardlike Iissee dy't it súdlike eilân Joezjni fan Nova Sembla yn it noarden skiedet fan it eilân Vajgatsj foar de kust fan noardlik Europeesk Ruslân; de strjitte is de ferbining tusken de Barentssee yn it westen en de Karasee yn it easten. De Karyske Poart hat in minimale djipte fan 52 meter. It grutste part fan it jier is de strjitte beferzen.
Karyske Poarte | ||
geografy | ||
type wetter | seestrjitte | |
lokaasje | tusken Nova Sembla en it eilân Vajgatsj | |
lân | Ruslân | |
provinsje | Archangelsk | |
distrikt | Nova Sembla | |
koördinaten | 70°30′ N, 58°00′ E | |
ûnderdiel fan | Barentssee / Karasee | |
sifers | ||
maks. lingte | 33 km | |
maks. breedte | 56 km | |
oerflak | 1.850 km² | |
djiptegemiddelde | 52 m | |
djipste punt | 230 m | |
De lizzing fan it eilân Vajgatsj, mei noardlik dêrfan de Karyske Poarte. |
Dit artikel is in stobbe oer Oerflaktewetter.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |