Kassius Dionysius

Kassius Dionysius (Latyn: Cassius Dionysius) fan Utika (Aldgryksk: Διονύσιος ὁ Ἰτυκαῖος)[1] wie in Grykske lânboukundige skriuwer út de twadde iuw f.Kr.. De Romeinske nomen Cassius yn kombinaaasje mei de Grykske cognomen Dionysius koe betsjutte kinne dat er in slaaf of kriichsfinzene wie. Hy wie fan oarsprong Gryksk of Grykstalich en syn eigeners wiene fan de famylje (gens) Cassia, dy't him mooglik ek frijlitten hawwe. Kassius Dionysius stelde in samling boeken foar de lânbou gear yn it Gryksk, dy't lykwols ferlern rekke binne. De titel wie Georgika ("Lânbou") en it waard yn 20 boeken ferdield en waard opdroegen oan de Romeinske praetor Sekstilius.

Neffens Kolumella, in Romeinske agronoom en skriuwer, dy't in bot fan syn wurk De Agricultura (Fan it buorkjen) nei acht boeken fan Kassius Dionysius ta ferwiisde, wie twafyfde fan dat wurk in oersetting fan earder wurk troch de Punyske skriuwer Mago[2]. Nei de ferwoastging fan Kartago yn 146 f.Kr. troch de Romeinen, waarden de Kartaachske biblioteken oan de Numidyske keningen jûn, mar Mago syn wurk waard te wichtich fûn om it te ferliezen en waard as kriichsbút meinommen nei Rome. Desimus Junius Silanus waard hjitten troch de Romeinske Senaat en set Mago syn wurk oer yn it Latyn. It is net wis oft Dionysius ûnôfhinklik, of op it grûnwurk fan Silanus, wurke, mar om't er yn Utika wenne, yn it eardere Kartaachske Noard-Afrika, wurdt oppenearre dat er Punysk koe, njonken Latyn en Gryksk.

Dionysius syn wurk waard letter troch Diofanes fan Niseä ynkoarte en syn ferzje bestie út seis boeken[3].

It folgjende is in list mei part fan it wurk fan Kassius Dionysius:

  • Grykske namme fan de winen en harren belangen foar de boer.[4]
  • Hoe't wurklju útsocht wurde moatte.[5]
  • Soarten dong.[6]
  • Mûlezels fôlje bytiden yn Afrika. Mûlezels en merjes binne tolve moanne drachtich.[7]
  • Notysjes oer buorkerijbisten.[8]
  • Twa nammen foar prei.[9]

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Athenaeus, Deipnosophists, §14.59
  2. Pliny, Naturalis Historia 18.22 [1], cf. 1.18; Cicero, De Oratore 1.249; Varro, De Re Rustica 1.1.10; Columella, De Agricultura 1.1.13, 12.4.2.
  3. Columella, De Agricultura 1.1.10
  4. Geoponica 1.11.
  5. Varro, De Re Rustica 1.17.3.
  6. Varro, De Re Rustica 1.38.
  7. Varro, De Re Rustica 2.1.27; Columella, De Agricultura 6.37.3.
  8. Varro, De Re Rustica 3.2.13.
  9. Athenaeus, Deipnosophistae 648e.