Kastiel Almeare (Nederlânsk: Kasteel Almere) is in kastiel yn oanbou yn de buert fan Almeare yn Flevolân. It is in hjoeddeiske ruïne. It bouwurk stiet oan de Alde Waterlandseweg yn Almeare Haven en is te sjen fan de rykswei A6 ôf.

Kastiel Almeare
Tagong kastiel Almeare

De plannen foar it bouwen fan it kastiel binne út 1999; de earste paal waard op 15 septimber 2000 slein. De kosten fan it kastiel waarden yn it earstoan rûsd op 60 miljoen gûne, letter ferhege nei ƒ 120 miljoen. Troch finansjele problemen waard it bouprojekt yn 2002 stillein. Yn 2005 waard it projekt opkocht troch it dêrfoar oprjochte bedriuw Gravin (eigeners: J. van der Graaf en it bedriuw Vink). Njonken in hotel en in troulokaasje yn it kastiel wol Gravin ek huzebou op it terrein. Om it lêste mooglik te meitsjen is lykwols in wiziging fan it bestimmingsplan nedich. Yn 2008 besleat it gemeentebestjoer fan Almeare net yn te stimmen mei in foarstel dêrfoar.

It ûntwerp fan it kastiel is baseare op it 13e-iuwske Belgyske kastiel Jemeppe yn Hargimont. Der stiet lykwols net mear as in karkas yn rûchbou en is der gjin sprake fan bouaktiviteit. It pân lûkt alle jierren in soad toeristen en wurdt mei dêrom bewenne troch antykreakers.

Sûnt 2013 wiene der plannen om yn en om it kastiel hinne in attraksjepark mei de namme WitchWorld te bouwen. Yn oktober 2015 naam WitchWorld in opsje om it kastiel foar 20 miljoen euro fan Gravin BV te keapjen, mei in ûntsnappingsklausule as de plannen foar it attraksjepark finansjeel of polityk net rûnkomme soene. Omdat de finansiering fan it park yndie net realisearre wurde koe, kaam it net ta in werklike keap. Op 31 oktober koene besikers it kastiel fan tichtby besjen, der kamen tûzenen minsken. Yn novimber 2016 krigen de inisjatyfnimmers fan WitchWorld mear tiid om de finansiering te regeljen, mar yn oktober 2018 waard it hiele projekt stopset.

Fanwege de gemeente Almeare hat keunstnerskollektyf Kamp Seedorf yn 2021 in keunstwurk makke fan de toer.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: