Kastiel Bronkhorst (Gelderlân)
Kastiel Bronkhorst wie in kastiel yn de gemeente Bronckhorst, westlik lizzend fan it sintrum fan Bronkhorst, yn de provinsje Gelderlân. Dit kastiel waard nei gedachten oanlein yn 'e tsiende iuw en sloopt omtrint 1828.
Skiednis
bewurkje seksjeKastiel Bronkhorst wie it stamslot fan de Hearen fan Bronckhorst en wie ien fan de wichtichste kastielen yn de Achterhoek. It kastiel lei oan in strategysk plak oan de Isel ten suden fan Sutfen. Fan it kastiel is allinnich de opsmiten slotheuvel by it stedsje Bronkhorst noch oer. De lege slotheuvel waard yn 1962 troch de erven Metelerkamp oerdroegen oan de Steat fan de Nederlannen en wurdt sûnttiid beheard troch Steatsboskbehear.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |