Kastiel Groeneveld
Kastiel Groeneveld is in lângoed yn de gemeente Baarn. It wurdt brûkt as Nasjonaal Sintrum foar bosk, natoer en lânskip.
Kastiel
bewurkje seksjeYn de santjinde en achttjinde iuw wie it wenst foar rike Amsterdammers om in bûtenpleats te hawwen dêr't yn de simmer wenne wurde koe. Faak liizze dizze bûtens op de grins fan sân- en feangrûn. De landgoederen yn It Goai ('s-Graveland) en oan de kust (de Keukenhof) binne hjir foarbylden fan. Yn 1696 kocht Marcus Mamuchet grûn oan yn Baarn en liet Groeneveld yn 1710 bouwe. Op dat momint bestie it gebou út it middendiel en in koetshús en in oranjery. Om 1760 waarden oan it kastiel twa healrûne fleugels boud. Yn it kastiel is ien fan de trije ksyloteken fan Nederlân te sjen.
Park
bewurkje seksjeDe tún fan Groeneveld waard oanlein yn de Hollânske barokke styl, mei strange geometryske foarmen. Doe't yn de achttjinde en njoggentjinde iuw de Ingelske lânskipsstyl opjild die waard it park oamfoarme. Wetterpartijen, heuvels, slingerjende paden en beampartijen waarden oanlein. Benammen nei 1830 naam de lânskipsstyl yn Groeneveld in hege flecht.
-
efterside Groeneveld
-
iiskelder Groeneveld