Kastiel Nijenbeek
It Kastiel Nijenbeek is in fjouwersidige donjon en stiet oan de Isel (by Foarst) yn Gelderlân.
It kastiel is likernôch stifte begjin 13e iuw, yn opdracht fan de greve fan Gelre. It waard boud om kontrôle te hawwen oer it skipfeartferkear op de Isel. Oarspronklik bestie it kastiel út de hjoeddeistige donjon, mei oan de noardkant in treppetoer en in heech ommuorre plein. Oan de lânside lei ek noch in foarboarch.
Yn de Twadde Wrâldoarloch hat it hiel wat te lijen hân fan in bombardemint. Dêrtroch is it sawat in púnfal wurden en stiet allinnich de donjon noch oerein.