Kastiel Pyrmont
It Kastiel Pyrmont (Dútsk: Burg Pyrmont) is in kastiel yn 'e súdlike Eifel westlik fan 'e Dútske stêd Münstermaifeld op it doarpsgebiet fan Roes (lânkring Cochem-Zell). It kastiel is in hichteboarch en stiet op in rots oan 'e wetterfal fan it rivierke de Elzbach.
Kastiel Pyrmont | ||
kastiel | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
lânkring | Cochem-Zell | |
plak | Burg Pyrmont, 56754 Roes | |
koördinaten | 50° 14' N 7° 17' E | |
Skiednis | ||
stiftingsjier | 12e iuw | |
Oars | ||
type | hichteboarch | |
hjoeddeisk gebrûk | museum | |
monumintale status | Kulturdenkmal | |
Webside | ||
www.burg-pyrmont.de | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeIt kastiel waard tsjin it ein fan 'e 12e iuw op it gebiet fan 'e Paltsgreven troch Kuno von Schönberg stifte. Syn soan neamde him as earste fan it skaai 'hear fan Pyrmont. It kastiel waard yn 1225 foar it earst neamd.
Yn 1441 bepaalde Kuno VI fan Pyrmont yn syn testamint hoe't syn erfenis ferdield wurde moast ûnder syn trije kreauwerige soannen, Hindrik VI., Jehan en Freark, om it stamslot nei syn dea te behâlden. Mar de soannen bleaune nei de dea fan harren heit tsieren en fanwegen harren striid waard Hindrik VI sels út it Ryk ferballe en moast er syn oandiel oan syn broer Freark oerdrage. Yn 'e twadde helte fan 'e 15e iuw waard Hindrik VI troch keizer Maksimilaan I yn 'e stân fan in frijhear befoardere en wied er hear fan Pyrmont. Alhoewol't Hindrik VI twa soannen krige, wie it lang om let syn dochter Elisabeth, dy't it Pyrmonter besit erfde. Om 't hja mei Filip fan Eltz troud wie, foel it kastiel yn hannen fan dat belangrike greveskaai.
Mar ek dat skaai hie nochal ris tsierderij oer erfeniskwestjes. Yn 1652 ferkocht ien fan 'e Eltser erfgenammen fanwegen dy striid har oandiel oan leden fan 'e famylje Waldbott fan Bassenheim, dy't twa jier letter fanwegen dy oankeap ek ta Ryksfrijhearen beneamd waarden. It oare diel fan it kastiel kaam yn hannen fan Kar-Trier en waard yn 1710 ek troch de famylje Waldbott fan Bassenheim kocht. Dy famylje sette yn 1712 útein mei it plan om it midsiuwske kastiel ta in represintatyf slot te ferbouwen. It paleis waard bygelyks mei trije ferdjippings ferhege en krige grutte finsters. De hjoeddeiske frije trep oan 'e súdlike kant datearret ek fan dy tiid.
Yn 'e tiid fan 'e Frânske Revolúsje (1789) flechten de besitters foar de Frânske troepen en moasten hja harren besit lofts fan 'e Ryn opjaan. Fiif jier letter ferklearren de Frânsen it kastiel ta nasjonaal eigendom. Lykas in soad kastielen lofts fan 'e Ryn folge Pyrmont itselde lot: tagelyk mei sân hektare lân waard it kastiel foar 4550 franken foar de ôfbraak feild. De nije eigner Franz Georg Severus Weckbecker út Münstermaifeld ferkocht alles wat fan wearde wie en de rest fan it gebou begûn al gau te ferfallen.
Yn 1818 kocht greve Freark Karel Waldbott fan Bassenheim it kastiel werom, mar ûnder syn soan greve Hugo Waldbott moast it kastiel lykwols yn 1862 wer feild wurde. Nei him soene noch in soad besitters folgje, mar nimmen die war om de ruïne wer op te bouwen. Pas doe't de famylje fan 'e arsjitekt Franz Krause it kastiel yn hannen krige, makke dy famylje in diel fan it kastiel sûnt 1912 wer bewenber. Jildbrek wie de oarsaak dat it dêrby bleau.
Yn 1963 kochten de arsjitekten Helmut Hentrich en Hubert Petschnigg út Düsseldorf dat, wat noch fan it kastiel oerbleaun wie. De arsjitekten setten útein mei in restauraasje en in stadige werbou fan fral de kearn fan it kastiel. Yn it jier 1990 waard it kastiel foar toeristen iepene. Yn 'e sealen fan it kastiel stiet âld meubilêr.
Beskriuwing
bewurkje seksjeIt onregelmjittige rjochthoekige kompleks is boud yn in styl dy't typysk wie foar it Staufer-tiidrek. De 24,5 meter hege, rûne toer wie de earste yn syn soarte yn 'e hiele Midden-Rynkrite en kin hjoed-de-dei beklommen wurde. Earder hat de toer in kegelfoarmige spits hân. Yn it skaad fan de toer is in 49 meter djippe put bewarre bleaun.
Sûnt de 15e iuw waard in dwinger mei rûne tuorren om it kastiel boud. In djippe grêft om it kastiel en de dwinger soarge foar ekstra beskerming.
Njonken de hege toer en de keuken waard yn 1712 in barok paleis fan trije ferdjippings boud. It paleis en de keuken krigen dêrby in dak dat doe like heech wie as de grutte toer. By de werbou waard de tredde ferdjipping net werboud en de twadde ferdjipping krige in flak dak. Fan 'e tredde ferdjipping binne allinne wat resten oerbleaun. Yn it paleis binne njonken in yngongshal en in ridderseal in tal lytsere keamers. Oan it paleis is de rest fan in kapel te sjen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.
|