Kastiel fan Chillon
It Kastiel fan Chillon (Frânsk: Château de Chillon) yn Veytaux leit op in ûnder wetter lizzende rots oan de eastlike kant fan de Mar fan Sjenêve yn Switserlân. De lokaasje fan it kastiel op de rots yn it wetter en de steile bergen soargen foar in smelle trochgong, dy't it kastiel sawol in natuerlike beskerming as ek in strategysk plak bea om de trochgong tusken it noarden en suden fan Jeropa te kontrolearjen.
Kastiel fan Chillon | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Switserlân | |
kanton | Vaud | |
gemeente | Veytaux | |
adres | Avenue de Chillon 21 | |
bysûnderheden | ||
boujier | 13e iuw | |
offisjele webside | ||
Side fan it museum |
Skiednis
bewurkje seksjeOpgravings yn de 19e iuw, benammen troch de âldheidkundige Albert Naef (1862-1936), brochten it bewiis dat it plak al sûnt de brûnstiid bewenne is. De earste skriflike boarne fan it kastiel geane werom op 1150 dêr't it as Chillun oantsjut wurdt. It hjoeddeiske kastiel waard yn de 13e iuw boud, mar ûndergyng in soad feroarings yn de 13e en 14e iuw. It waard yn de jierren 1890 restaurearre en ynrjochte as museum.
Yn de 16e iuwske godstjinstoarlogen brûkten de hartogen fan Savoje it kastiel om finzenen yn op te sluten. Lord Byron makke it kastiel ferneamd troch syn gedicht The Prisoner of Chillon oer François Bonivard, in muonts en frijheidstrider út Sjenêve dy't yn de jierren 1530-1536 yn it kastiel finzen siet. Troepen fan de stêd Bern feroveren it kastiel yn 1536 en befrijden Bonivard. De Bernese baljuw brûkte Chillon dêrnei as residinsje oant it in finzenis waard yn 1733.
Yn 1798 ferdreau it Frânsktalige kanton Vaud de Dútsktalige Bernese autoriteiten. Hja fregen help oan de Frânsen om harren autonomy foar de rest fan Switserlân oer fêst te hâlden. Doe't de Frânsen it kanton ynteagen en besetten brûkten se Chillon as arsenaal.
De boarch is oer in 18e iuwske houten brêge tagonklik, dy't eartiids in ophelbrêge ferfong. It kastiel bestiet út likernôch 25 gebouwen, dy't mei inoar ferbûn binne en trije binnenhôven omklamje. It kompleks wurdt beskerme troch twa ringmuorren.
Gebrûk
bewurkje seksjeHjoeddedei binne grutte dielen fan it kastiel as museum iepensteld foar it publyk. Te sjen binne û.o. ynrjochte keamers, histoaryske saken en in grutte wapen-kolleksje.
Ofbylden
bewurkje seksje-
Hal fan de hartoch (Aula Magna)
-
Romte dat as finzenis brûkt waard
-
Fresko's boarchkapel Sint-Joris
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Schloss Chillon
|