Kastiel fan Loppem

Kastiel Loppem is in 19e-iuwsk neogoatysk kastiel yn Loppem (gemeente Zedelgem) yn de Belgyske provinsje West-Flaanderen.

Kastiel fan Loppem
Lokaasje
lân Belgje
gewest Flaanderen
provinsje West-Flaanderen
gemeente Zedelgem
plak Loppem
koördinaten 51° 09' N 3° 11' E
Skiednis
boujier 1856-1858
Oars
boustyl neogotyk
tagonklikens iepen foar publyk
Webside
www.kasteelvanloppem.be
Kaart
Kastiel fan Loppem (West-Flaanderen)
Kastiel fan Loppem

It kastiel is it iennige kastiel fan it lân werfan't de arsjitektuer en it ynterieur folslein yn 'e oarspronklike steat bewarre bleaun binne. Yn it kastiel is in grutte keunstkolleksje ûnderbrocht (ynklusyf in brânskilderd raam út likernôch 1460 dat in anonime Piëta ôfbyldet). It kastiel leit yn in park mei fivers en in doalhôf. Sawol it park as it kastiel binne iepen foar publyk.

Yn 1856 joech baron Charles van Caloen en syn frou, grevinne Savina de Gourcy Serainchamps, opdracht oan de Ingelske arsjitekt Edward Welby Pugin om in kastiel te bouwen. Dat wurk waard trije jier letter oernommen troch Jean Bethune. Hy joech it kastiel in Flaamsk karakter yn 'e doe hearskjende neogoatyske styl.

It regear fan Loppem

bewurkje seksje

It kastiel spile oan de ein fan 'e Earste Wrâldkriich in wichtige rol yn de politike skiednis fan Belgje. Fan 24 oktober oant 25 novimber 1918 wennen kening Albert I en keninginne Elisabeth yn it kastiel, wêrmei't it fuortendaliks ek it haadkertier fan it Belgyske leger en de sit fan de útfierende macht wie. It regear sels, nei't it út Frankryk weromkaam nei Belgje, hie syn sit yn Brugge yn it Hotel du Commerce.

Op 21 novimber 1918 naam it regear fan Gerard Cooreman ûntslach en beneamde de kening Léon Delacroix as de nije regearingslieder fan it regear. In regear fan nasjonale ienheid waard foarme mei 6 katolike, 3 liberale en 3 sosjalistyske ministers. Dat regear waard it 'regear fan Loppem' neamd, al siet it der nea sels. It wichtichste beslút dat it regear naam wie de ynfiering fan it algemien ienich kiesrjocht foar alle manlju boppe de 21 jier. Dat beslút wie feitlik net konstitúsjoneel want pas dêrnei waard de grûnwet wizige. Tsjinstanners neamden dit 'le coup de Loppem' of ek 'de revolúsje fan Loppem'.

Wylst de kening en syn direkte meiwurkers al op 22 novimber yn Brussel oankommen wiene, dêr't er de ferienige Keamers taspriek, ferlieten keninginne Elisabeth en it keninklik gefolch pas op moandei 25 novimber it kastiel fan Loppem. De eigner fan it kastiel, Albert van Caloen, wie him derfan bewust dat Loppem dagen fan histoarysk belang meimakke hie.

 
Doalhôf

It park waard oarspronklik om 1800 hinne oanlein as in jardin anglo-chinois. Tagelyk mei de bou fan it kastiel feroare de Luikske túnarsjitekt Jean Gindra it park yn de Ingelske lânkskipsstyl. Yn 1873 waard neffens ûntwerp fan Albert en Ernest van Caloen in doalhôf oanplante dat bestiet út reade en griene hageboeken.

Fierdere skiednis

bewurkje seksje

Baron Jean van Caloen wie de lêste echte bewenner fan it kastiel. Hy wist dat it neteam dêr net mear wenje soe en rjochte yn 1952 de feriening 'Stichting van Caloen' op, dy't eigner fan it kastiel en it park waard.

Sûnt 1974 waard it park foar in symboalysk bedrach fan in frank oan de gemeente ferhierd. It kastiel wurdt ûnderholden en iepene troch de stifting.

Yn 2013 fierden de stifting en de gemeente Zedelgem it 150 jierrich-jubileum fan it kastiel.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Kasteel fan Loppem