Kastiel fan Victot
It Kastiel fan Victot (Frânsk: château de Victot) is in histoarysk monumint yn de Normandyske gemeente Victot-Pontfol, Frankryk. It kastiel is net foar it publyk tangonklik.
Kastiel fan Victot
Château de Victot | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Frankryk | |
regio | Normandje | |
departemint | Calvados | |
plak | Victot-Pontfol | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Kastiel | |
boujier | 13e-16e iuw | |
boustyl | Renêssânse | |
monumintale status | Histoarysk monumint |
Lokaasje
bewurkje seksjeIt monumint stiet yn it Frânske departemint Calvados, likernôch 200 meter noardeastlik fan de tsjerke fan Victot, op de grûn fan de gemeente Victot-Pontfol.
Skiednis
bewurkje seksjeIt kastiel draacht de namme fan Hugues de Victot, dy't op it plak yn 1160 in liengoed hie. Yn de 14e iuw wiksele it eigendom tusken de famyljes Labbey, Caperon en Gosse. It kastiel bleau yn de lêste famylje oant yn de 15e iuw, doe't Jeanne Gosse, de lêste telch fan de famylje, mei Guillaume Boutin boaske. It kastiel hie slim te lijen hân yn de Hûndertjierrige Kriich en waard yn de jierren 1570-1574 yn opdracht fan Philippe Boutin op 'e nij boud as twa kastielen, nei alle gedachten om syn hiele famylje der yn ûnder te bringen. Yn dy tiid bleau it kastiel in defensive funksje hâlden mei in grêft, in flapbrêge en sjitgatten. Tagelyk waard it in freonlike residinsje yn de styl fan de renêssânse mei grutte finsters mei ramen en ryk fersierde muorren yn skaakboerdpatroanen fan roze bakstien en kalkstienlagen. De Boutins bleaune oant it ein fan de 18e iuw eigner fan Victot.
Yn 1798 waard it kastiel ferkocht oan Pierre Aumont, telch fan in famylje dy't bekend stie om de hynstefokkerij. Aumont levere hynders foar it Grande Armée en hy liet oan it begjin fan de 19e iuw by it kastiel de lange stâlen bouwe. Syn tredde soan, Alexandre, makke de stoeterij fan Victot ferneamd en dat bleau yn de hiele 19e iuw sa.
De stoeterij waard yn 2014 troch it neiteam fan Aumont foar 6.5 miljoen euro ferkocht oan sjeik Abdullah Al-Thani, in omke fan de emir fan Katar.
Kapel
bewurkje seksjeTichteby it kastiel stiet op it tsjerkhôf de Chapelle Saint-Denis.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|