Katôba Yndiaanske Naasje

De Katôba Yndiaanske Naasje (Ingelsk: Catawba Indian Nation) is in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten, mei in eigen reservaat yn 'e steat Súd-Karolina. De stamme wurdt ek wol de Katôba Yndianestamme (Catawba Indian Tribe) of de Katôba Stamme fan Súd-Karolina (Catawba Tribe of South Carolina) neamd.

Katôba Yndiaanske Naasje
Ingelsk Catawba Indian Nation
flagge
algemiene ynformaasje
lân Feriene Steaten
steat Súd-Karolina
haadkertier Rock Hill (Súd-Karolina)
etnisiteit Katôba
ledetal 2.800 (2014)
oprjochting 1973
status federale erkenning
erkenning Feriene Steaten
reservaat
reservaat Katôba Yndianereservaat
lokaasje noardlik Súd-Karolina
oerflak 2,8 km²
ynwennertal 840 (2010)
offisjele webside
www.catawbaindian.net
kaart
Katôba Yndiaanske Naasje (Súd-Karolina)
Katôba Yndiaanske Naasje
Lokaasje fan it haadkertier fan 'e stamme yn Súd-Karolina.

De Katôba Yndiaanske Naasje, dy't yn 1973 (wer)oprjochte waard, hie yn 2014 mear as 2.800 leden, besteande út etnyske Katôba (Catawba). It haadkertier is fêstige yn Rock Hill, yn Súd-Karolina. It reservaat fan 'e Katôba Yndiaanske Naasje is it lytse Katôba Yndianereservaat (Catawba Indian Reservation), fan noardlik Súd-Karolina, dat in oerflak hat fan mar 2,8 km², en dêr't yn 2010 likernôch 840 minsken wennen.

Yn 'e njoggentjinde iuw waarden de Katôba foar de wet fan Súd-Karolina as stamme opheft, en rekken se ek harren oarspronklike reservaat kwyt. Fan 1929 ôf waard ûnder lieding fan it opperhaad Samuel Taylor Blue besocht om offisjele erkenning werom te winnen. Dat resultearre yn 1941, ûnder it regear fan presidint Franklin D. Roosevelt, dat goedmienend foar de Yndianen oer stie, yn federale erkenning foar de Katôba. Trije jier letter, yn 1944 stelden de Katôba harren earste grûnwet op.

Yn fyftiger jierren fierde it regear fan presidint Dwight Eisenhower lykwols in polityk wêrby't men besocht om 'e Yndianen safolle mooglik opgean te litten yn 'e blanke Amerikaanske kultuer en maatskippij. Fan stammen dy't ree achte waarden foar sa'n assimilaasje, waard doe de erkenning opheft. Dat oerkaam yn 1959 ek de Katôba. Fan gefolgen kamen hja doe net mear yn oanmerking foar beskate federale belestingfoardielen en subsydzjes, moasten de mienskiplike eigendommen fan 'e stamme opspjalten wurde, en foelen de minsken wer ûnder de wetjouwing fan Súd-Karolina.

Fan 'e sechtiger jierren ôf fûn der yn hiel Noard-Amearika in oplibbing fan 'e Yndiaanske kultueren plak, dy't úteinlik ek trochkrong ta de Katôba. Yn 1973 waard de Katôba Yndiaanske Naasje as moderne stamme-organisaasje oprjochte, en yn 1975 waard in nije grûnwet oannommen dy't fierhinne basearre wie op dy út 1944. Men sette doe útein mei in lange juridyske striid om 'e federale erkenning werom te winnen. Dêrnjonken waard er striden foar de lânrjochten op it reservaat dat yn 1840 by it Ferdrach fan Nation Ford yllegaal opheft wie. Nei tweintich jier resultearre dat yn 1993 yn in alles omfiemjende skikking mei it Amerikaanske federale regear en de steat Súd-Karolina, wêrby't de Katôba Yndiaanske Naasje federale erkenning krige en de lânrjochten ôfkocht waarden foar $50 miljoen. Mei in diel fan dat jild waard neitiid de grûn oanskaft dy't sûnt it Katôba Yndianereservaat foarmet.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.