De Katôba (Ingelsk: Catawba of inkeld Cataba) binne in lânseigen Yndiaansk folk fan it Amerikaanske súdeasten, dêr't harren wengebiet fan âlds it noarden fan 'e steat Súd-Karolina beslacht. Yn 'e santjinde en yn it earste fearn fan 'e achttjinde iuw wiene se ien fan 'e machtichste folken fan it súdeasten, en leveren se striid mei oare Yndiaanske folken oant benoarden de rivier de Potomac, yn wat no Pennsylvania is. Hoewol't se fan it begjin ôf oan in freonskiplike relaasje mei de Jeropeeske kolonisten ûnderholden, rekken se troch de útlânske sykten dy't dy meibrochten yn it ûnleech. Oan it begjin fan 'e njoggentjinde iuw wiene der noch mar in pear hûndert oer. Sûnt moasten se fjochtsje foar harren rjochten, oant se yn 1993 einlings erkenning wûnen.

Katôba
Catawba

Katôba-froulju wiene ferneamd om harren pottebakkerij.
flagge
populaasje
oantal ±3.500 (2014)
taal Katôba(Ingelsk)
godstsjinst kristendom, natoerreligy
erkenning
steatsdragend folk gjin eigen steat
erkende minderheid Feriene Steaten
fersprieding
Feriene Steaten: ±3.500

Prehistoarje en ierste kontakten mei de Jeropeänen

bewurkje seksje

Neffens harren eigen mûnlinge tradysje libje de Katôba al 6.000 jier yn it heuvelige foarlân fan 'e Appalachen, yn wat no it noarden fan Súd-Karolina is. Der wurdt trouwens tocht dat se foarhinne ek dielen bewennen fan wat no de steaten Noard-Karolina en Firginia binne. Archeologyske fynsten lykje te ûnderstypjen dat se yn dy krite yn elts gefal al hiel lang tahâlde. Hja neame harsels Yeh Iswä H'reh, wat "Rivierfolk" betsjut, ferwizend nei harren tradisjonele wengebiet oan 'e rivieren de Catawba en de Wateree. Se wiene fan âlds in sedintêr folk, dat benammen libbe fan 'e lânbou, mei as wichtichste gewaaksen maïs en pompoenen, al follen se harren menu oan mei de jacht en mei rivierfiskerij. Fan 'e manlju waard sein dat it goede jagers en ferfrettende krigers wiene; de froulju stiene wiid en siid bekend om harren kuorkjen en fral har pottebakkerij. Hja libben yn wichwams dy't hja makken fan beamskors, en harren doarpen wiene omjûn troch palisades fan skerppuntige beamstammen.

It ierst bekende kontakt mei Jeropeänen fûn plak yn 1540, doe't de Spaanske ûntdekkingsreizger Hernando de Soto mei syn ekspedysje troch it wengebiet fan 'e Katôba teach. Hiel lang bestie dêrnei gjin of mar kwealk kontakt mei de blanken, mei't de koloanjes dy't de Ingelsen fanôf likernôch 1600 oan 'e eastkust fan Firginia stiften, mar amper libbensfetber wiene, en de Katôba in hiele ein yn it binnenlân libben. Doe't de Ingelsen har yn 1682 foar it earst yn Súd-Karolina fêstigen, ferneamden se de rivier de Catawba nei de stamme, en skatten se harren oantal op sa'n 4.600 minsken, mei dêrûnder 1.500 krigers.

 
Fersprieding fan 'e Katôba foàr it earste kontakt mei de Jeropeänen.

Bloei en delgong

bewurkje seksje

De Katôba wiene doedestiden in machtich en woltierich folk, dat oanhâldende wapene konflikten mei syn Irokeesk- en Algonkwynsktalige buorstammen útfocht. Sa fertelt ien fan harren tradysjes (dy't troch moderne histoarisy akseptearre wurdt) oer in lange oarloch mei de (Súdirokeeske) Sjeroky (Cherokee), oant úteinlik troch beide folken de rivier de Broad foar grins oanmurken waard. Ek mei de Noardirokeeske folken, yn it bysûnder de Seneka (Seneca), en fierders de Algonkwynske Delawêr (Delaware) en Sjâny (Shawnee) libben de Katôba lang op foet fan oarloch. Yn 'e 1720-er jierren efterfolgen Katôba-krigers nei't it skynt in Delawêr-oarlochstroep dy't ien fan harren doarpen oerfallen hie oant benoarden de rivier de Potomac, yn it hjoeddeistige Pennsylvania. By in oare, soartgelikense gelegenheid hellen se de Delawêr by it tsjintwurdige Leesburg, yn Firginia, yn, wêrnei't de beide partijen in iepen fjildslach útfochten. Oare slaggen fûnen plak by it hjoeddeiske Franklin, yn West-Firginia (1725); by Hanging Rocks en de mûning fan de Súdlike Potomac, ek yn West-Firginia (1736); by de mûning fan 'e Antietam Creek (1736); en by de Conococheague Creek, yn Marylân.

De koloniale regearings fan Firginia en New York holden yn 1721 in gearkomste te Albany, wêrfoar't se fertsjintwurdigers fan 'e Irokeeske Konfederaasje en de Katôba útnûgen. Om't ek de blanke kolonisten lêst hiene fan 'e striid oer en wer, spilen de koloniale autoriteiten by dy gelegenheid foar midsman, wêrby't se beide partijen ûnder druk setten om frede te sluten. Sa krigen se de Noardirokezen en de Katôba safier dat dy taseine tenei op harren eigen gerjochtichheid bliuwe te sillen.

Yn it begjin fan 'e achttjinde iuw begûn de kolonisaasje fan Súd-Karolina troch te kringen yn it wengebiet fan 'e Katôba. Hja wiene freonen fan 'e Ingelsen en kamen nea yn ferset tsjin 'e kolonisten, mar likegoed krigen se slim ûnder de opmars fan 'e blanken te lijen doe't der frjemde sykten ûnder har útbrieken, dêr't se gjin ferwar tsjin hiene. Yn 'e mande mei de oanhâldende oarlochfiering mei oare stammen en de algemiene maatskiplike ûnrêst hellen dy de Katôba úteinlik ûnder fuotten. Tsjin 1728 wiene de Katôba yn oantal belune ta 1.400 minsken, mei dêrûnder sa'n 400 krigers. Yn 1738 waarden sy, oare stammen yn 'e krite en teffens de blanken slim troffen troch in útbraak fan 'e pokken. Fanwegen harren dominante posysje namen se fan dy tiid ôf stadichoan ferskate lytsere besibbe stammen op, mooglik oant wol in tweintichtal, dy't troch de epidemyen brutsen wiene. Mar likegoed hiene se yn 1743 minder as 400 krigers. Yn 1759 hiene se op 'e nij ûnder in útbraak fan 'e pokken te lijen, wat harren oantal werombrocht ta likernôch 1.000 minsken, wêrûnder sa'n 300 krigers. Tsjin 1780 wiene der yn totaal noch mar 490 Katôba oer, en yn 1822 waard harren oantal op 450 minsken rûsd.

Yn 1744 waard by it Ferdrach fan Lancaster, tusken de Ingelsen en de Irokeeske Konfederaasje, û.m. troch de Noardirokezen nochris befêstige dat se de Katôba net mear oanfalle soene. Datselde gou lykwols net foar de Algonkwynske folken, dy't ûnmeilydsum gebrûk makken fan 'e oanboazjende swakte fan 'e Katôba. Yn 1763 kaam Kening Hagler, it meast ferneamde opperhaad fan 'e Katôba, om by in oerfal fan 'e Sjâny. Fan dy tiid ôf ferlearen de Katôba alle wichtigens dy't se earder as militêre macht hân hiene.

Erkenning ferlern en weromwûn

bewurkje seksje

De koloanje Súd-Karolina befêstige de Katôba yn 1763 yn it besit fan in reservaat fan 144.000 acres (krapoan 583 km²). Yn 'e Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch stipen de Katôba de Amerikaanske kolonisten tsjin it Britske regear. Doe't yn 1780 Britske troepen opteagen nei de Súdkarolynske heechlannen, wiene se sadwaande twongen om har mei har hiele hawwen en hâlden werom te lûken yn Firginia. Nei de Slach by it Gerjochtsgebou fan Guildford kearden se werom en setten har wer nei wenjen yn harren reservaat.

Yn 1840 ferkochten de Katôba dat reservaat oan Súd-Karolina, mar it Ferdrach fan Nation Ford, wêryn't dat bewurkmastere waard, wie fan begjin ôf oan (de juridyske term is ab initio) ûnjildich om't Amerikaanske steaten neat te sizzen hawwe oer reservaatlân; dat falt útslutend ûnder it foech fan it federale regear en it Amerikaanske Kongres. Tsjin 1847 waarden de Katôba troch it regear fan Súd-Karolina lykwols as in ophefte stamme beskôge. Goed tachtich jier letter, yn 1929, sette Samuel Taylor Blue, it doetiidske opperhaad fan 'e Katôba, útein mei syn krewearjen foar de rjochten fan syn folk. Dat resultearre yn 1941, ûnder it regear fan presidint Franklin D. Roosevelt, dat goedmienend foar de Yndianen oer stie, yn federale erkenning foar de Katôba. Yn 1944 joech Súd-Karolina fierders einlings en te'n lêsten it steatsboargerskip oan syn Yndiaanske ynwenners, sij it net yn dy mjitte dat se ek stimme mochten. Pas nei't it Amerikaanske Kongres ûnder druk fan 'e Afro-Amerikaanske Boargerrjochtebeweging yn 1965 de Stimrjochtwet oannommen hie, koene de Katôba en oare Yndianen yn Súd-Karolina foar it earst meidwaan oan ferkiezings.

 
In groep Katôba mei de pronk oan, yn 1913.

In nije tsjinslach die him foar yn 1959, doe't de Katôba as resultaat fan 'e assimilaasjepolityk dy't it regear fan presidint Dwight Eisenhower foar de Yndianen oer fierde, harren federale erkenning wer ferlearen. Fan 'e sechtiger jierren ôf fûn der lykwols yn hiel Noard-Amearika in oplibbing fan 'e Yndiaanske kultueren plak, dy't úteinlik ek trochkrong ta de Katôba. Yn 1973 waard de Katôba Yndiaanske Naasje as moderne stamme-organisaasje oprjochte, en sette men útein mei de lange juridyske striid om 'e federale erkenning werom te winnen. Uteinlik woene it Amerikaanske federale regear en de steat Súd-Karolina beide wol omlyk, sadat yn 1993 in skikking sletten waard wêrby't de Katôba Yndiaanske Naasje federale erkenning krige en de lânrjochten fan 'e Katôba op harren âlde reservaat ôfkocht waarden foar $50 miljoen. Mei in diel fan dat jild waard 2,8 km² grûn oanskaft tsjin 'e grins fan Noard-Karolina oan, dat sûnt it Katôba Yndianereservaat foarmet.

Yn 'e lânseigen religy fan 'e Katôba is der in skepper-god, Manatu, fan wa't soms sein wurdt der er yn in trije-ienheid bestiet mei de skylpodde Kaia en in trêde wêzen dat neffens guon ferhalen de soan fan Manatu wêze soe. It liket wierskynlik dat dy trije wêzens oarspronklik selsstannige godheden wiene, en dat de iere ynfloed fan it kristendom ferantwurdlik is foar in neigalming fan 'e kristlike Trije-ienheid.

Om 1883 hinne bereizgen mormoanske misjonarissen it foarlân fan 'e Appalachen om 'e Katôba en oare stammen te bekearen. Yn 'e dêropfolgjende jierren woeks it lidmaatskip fan 'e Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen almar oan, oant tsjin 'e iuwwiksel it meastepart fan 'e stamme út mormoanen bestie. Ferskate Katôba ferfearen ûnder ynfloed fan harren nije leauwe nei Kolorado, Utah en Nij-Meksiko. Yn Súd-Karolina kombinearre Samuel Taylor Blue fan 1919 oant 1959 it foarsitterskip fan 'e pleatslike ôfdieling fan 'e mormoanske tsjerke mei it liederskip fan 'e stamme.

Neffens sifers út 2006 wiene der doe 2.600 Katôba yn 'e Feriene Steaten. Yn 2014 rapportearre de Katôba Yndiaanske Naasje, yn Súd-Karolina, in ledetal fan "mear as 2.800". Dêrnjonken wenje der ek Katôba yn 'e steaten Oklahoma, Kolorado en Georgia. Yn Oklahoma sette him oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw in groep Katôba nei wenjen by Scullyville, dêr't se opgiene yn 'e gruttere etnyske groep fan 'e Tsjoktou (Choctaw). Ferskate oaren bedarren fierder noardlik, dêr't se ûnderdiel waarden fan 'e Sjeroky Naasje fan Oklahoma. Under harren waard letter de Kataba Stammeferiening (Cataba Tribal Association) opset, dy't federale erkenning siket los fan 'e Sjeroky. Fierders giene guon Katôba tusken 1887 en 1890 mei de mormoanen nei Utah en fral Kolorado, dêr't se har op in protsje nei wenjen setten yn Manassa en Sanford. Party ferfearen dêrwei letter nei Farmington, yn Nij-Meksiko.

It Katôba, de taal fan 'e Katôba, is ien fan twa talen dy't tegearre de Eastsûaanske groep fan 'e Sûaanske talen foarmje. Mei it folk rekke ek de taal fan 'e Katôba yn 'e nederklits, en neffens de taalkundewebside Ethnologue is de lêste persoan dy't it Katôba as memmetaal hie, ferstoarn foàr 1960. Der wurdt no war dien om 'e taal wer nij libben yn te blazen.

Stamme-organisaasjes

bewurkje seksje
federaal erkende stammen yn 'e Feriene Steaten
Stamme Etnyske groep(en) Steat Haadkertier Populaasje Opmerkings
  Katôba Yndiaanske Naasje
Catawba Indian Nation
Katôba Súd-Karolina Rock Hill 2.800 alt. nammen: Katôba Yndianestamme (Catawba Indian Tribe), Katôba Stamme fan Súd-Karolina (Catawba Tribe of South Carolina);
fêstige yn it Katôba Yndianereservaat
stammen sûnder erkenning yn 'e Feriene Steaten
Stamme Etnyske groep(en) Steat Haadkertier Populaasje Opmerkings
  Kataba Stammeferiening
Cataba Tribal Association
Katôba Oklahoma Tahlequah ? hoewol't dizze stamme etnysk Katôba is, makket er op it stuit ûnderdiel út fan 'e Sjeroky Naasje fan Oklahoma
  Manahoac Sapony Naasje
Manahoac Saponi Nation
Sapony, Lumby,
Tûtelo, Katôba
Georgia Union City ? in mingde stamme-organisaasje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.