Kate Ashton
Kate Ashton (Beith, Skotlân, 1948) is in Britsk ferpleechkundige, skriuwster, dichteresse, redakteur en oersetter.
Kate Ashton | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Britsk | |
berne | 1948 | |
berteplak | Beith, Skotlân | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | Poëzy, biografy, sjoernalistyk, fertaling |
Libben en wurk
bewurkje seksjeAshton waard opbrocht yn The Chilterns yn it súdeasten fan Ingelân en folge in oplieding ta ferpleechkundige eachhielkunde. Nei har diplomearring gie hja oan it wurk as ûndersyksassistint op de Ofdieling Oftalmology fan de Universiteit fan Edinboarch. Trije jier letter waard hja haad operaasjekeamer yn it Royal Eye Hospital yn Londen; dat wurk hat hja in jier dien. Dêrnei waard se earst sjoernaliste en letter redakteur by it fakblêd Nursing Times, dat doetiids útjûn waard troch útjouwerij Macmillan yn Londen.
Sy ferruile Ingelân foar Nederlân yn 1979 om dêr har wurk as sjoernalist fuort te setten. Sy sette har nei wenjen yn Rotterdam. Teffens skreau hja in tal boeken, sawol fiksje (fjouwer doktersromans) as non-fiksje, wie hja korrektor foar útjouwerijen en helle in diploma klassike homeopaty. Yn 1985 bedarre hja yn Moarre en skreau dêr in biografy oer de Fryske skriuwster Teatske Alzum fan Moarre.
Nederlân wie ek har útfalsbasis foar reizen nei Frankryk, Itaalje, Eastenryk, Joegoslaavje, Hongarije en Grikelân.
Ashton hat benei 25 jier yn Nederlân taholden. Yn 2003 gie hja werom nei Skotlân en wennet no yn Nairn. Sûnt hat se gedichten publisearre yn blêden lykas Shearsman, THE SHOp en Northwords Now, en in pamflet, The Concourse of Virgins, kaam út by Lapwing Publications yn 2012 [1].
Sy wurket no foar útjouwerijen yn Amsterdam en Londen, ûnder mear as reader fan moderne Nederlânsktalige literatuer. Sy is lid fan de UK Society of Authors en fan de Nederlânske Vereniging van Letterkundigen.
Wurk (karút)
bewurkje seksje- Kate Ashton - Buorfrou, in minskelibben op ’e klaai yn Noardeast-Fryslân, 1898 -hjoed. Oersetting Jan de Jong, Utjouwerij Fryslan Ljouwert 1992.
- Kate Ashton - Teatske Alzum har wrâld, mei in omstavere werprintinge fan 38 ferhalen (2004)
- Mother and Child Companion, mei yllustraasjes (2005)
- Who by Water - gedichten, Shearsman Books (2016)
Keppelings om utens
bewurkje seksje- Artikel LC Kate Ashton en in sympatike buorfrou, mei in foto.
- Artikel LC 7 augustus 1998, Ingelske skriuwster makket boek oer buorfrou yn Moarre, mei foto.
- (in) Kate Ashton by UK Society of Authors (deade keppeling)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |