Katedraal fan Blackburn
De Katedraal fan Blackburn (Ingelsk: Blackburn Cathedral), offisjeel de Katedrale Marije en Paulustsjerke fan Blackburn (Cathedral Church of Blackburn Saint Mary the Virgin with St Paul), is in Anglikaanske tsjerke yn it sintrum fan de stêd Blackburn, yn Lancashire, Ingelân. Op it plak stiet al sûnt tûzen jier in tsjerke en de earste stiennen tsjerke datearret fan de Normandyske tiid.
Katedraal fan Blackburn | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
Greefskip | ![]() | |
plak | Blackburn | |
adres | Cathedral Close, Blackburn BB1 5AA | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Katedraal | |
boujier | 1826-1967 | |
arsjitekt | John Palmer, W.A. Forsyth, Laurence King | |
boustyl | Neogotyk | |
monumintale status | Grade II listed building | |
offisjele webside | ||
Side katedraal |
Skiednis bewurkje seksje
It âldste diel fan de tsjerke is it skip fan de katedraal, dat út 1826 datearret en neffens in ûntwerp fan de arsjitekt John Palmer boud waard. Mei de oprjochting fan it bisdom Blackburn yn 1926 (ôfsplitst fan it bisdom Manchester) krige de grutte parochytsjerke de status fan katedraal.
Om de tsjerke mear yn oerienstimming te bringen mei de nije status sette yn it begjin fan de jierren 1930 jildynsammelingsaksje útein om de tsjerke grutter te meitsjen. Yn 1938 wie der genôch jild ophelle om in begjin te meitsjen mei it wurk. De Twadde Wrâldkriich makke ynearsten in ein oan de wurksumheden, mar neitiid gyng de bou fierder oant yn it begjin fan de jierren 1960. Nei it ferstjerren fan de arsjitekt W.A. Forsyth yn 1950 foege arsjitekt Laurence King him by it projekt en ûntwurp de opfallende krusingstoer. Dy yn 1967 foltôge achthoekige lantearne boppe de krusing bestiet út 56 ferskillende ramen mei kleurd glês en in moderne slanke spits.
Oan de wurksumheden kamen mei de foltôging yn 1977 in ein en yn dat jier waard de katedraal ek konsekrearre.
Yn it noardlik transept steane noch acht koerstuollen mei misericordes út de 15e iuw. It is net bekend wannear't de stuollen nei de katedraal kamen, mar der wurdt tocht dat se oarspronklik út de abdij fan Whalley komme. Nei de opheffing fan de abdijen yn Ingelân yn de 16e iuw troch Hindrik VIII binne se earne telâne kommen. Om't de tsjerke pas yn de 19e iuw boud waard soe dat betsjutte dat se likernôch 300 jier net brûkt binne.
Oargels bewurkje seksje
De katedraal hat in ferneamd oargel, dat boud waard troch J.W. Walker & Sons Ltd en ferboud troch Wood fan Huddersfield. It oargel wurdt net allinne brûkt as ynstrumint by de liturgy, mar ek foar tal fan opnames dy't it hiele jier troch makke wurde fan de regelmjittige konserten op it oargel.
Njonken it haadoargel is der ek noch in fjouwer registers tellend posityf fan Kenneth Tickell út 2001.
Ofbylden bewurkje seksje
-
Ynterieur rjochting easten
-
Keunstwurk Kristus boppe westlike tagong
-
Ynterieur rjochting westen
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Blackburn Cathedral
|