Katedraal fan Clonfert

De Katedraal fan Clonfert (Ingelsk: Clonfert Cathedral) is in Anglikaanske katedraal fan 'e Church of Ireland yn Clonfert (County Galway) yn Ierlân. Sûnt de gearfoeging fan meardere bisdommen is it ien fan 'e trije katedralen fan it Anglikaanske bisdom Limerick-Killaloe.

Katedraal fan Clonfert

Clonfert Cathedral

Lokaasje
lân Ierlân
plak Clonfert
koördinaten 53° 14' N 8° 3' W
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Tsjerke fan Ierlân
bisdom Limerick-Killaloe
Arsjitektuer
boujier sûnt 1180
boustyl romaanske en goatyske arsjitektuer
Kaart
Katedraal fan Clonfert (County Galway)
Katedraal fan Clonfert

Sint-Brandaan stifte yn 557 in kleaster yn Clonfert. Hy beneamde Sint-Moinenn ta prior. De hillige biskop waard der ek beïerdige. De hjoeddeiske tsjerke waard yn de tolfte iuw op it plak fan in âldere tsjerke boud, dy't yn 'e 6e iuw troch Sint-Brendanus stifte wie, en ferbûn mei in kleaster.

 
Tsjerkeskip

It âldste part fan 'e tsjerke giet werom nei de tiid om 1180 hinne. It profilearre portaal is in masterwurk fan hiberno-romaanske styl en is dekorearre mei bistekoppen, minskekoppen en florale motiven. Boppe it portaal is oan 'e muorre in trijehoekige fersiering oanbrocht mei ek dêr minskekoppen.

Ut de let-romaanske tiid datearje de 13e-iuwske eastlike ramen fan it koer. De koerbôge waard yn 'e 15e iuw ynbrocht en is fersierd mei ingels, in rozet en in seewiif mei in spegel. Ek de dragende bôgen fan 'e westlike toer binne dekorearre mei 15e-iuwske hollen. Ut likernôch deselde tiid stamt de sakristy.

Fan it súdlike romaanske dwersskip binne allinnich dielen fan de muorren stean bleaun. It goatyske noardlike dwersskip waard ôfbrutsen.

De roomsk-katolike Us Leaffroutsjerke likernôch 1,5 km. súdlik besit noch in houten byld fan in Madonna mei Bern út de 14e iuw. Oft it byld út de katedraal komt is net alhiel dúdlik. It soe ek út de St. Mary de Portu Puro-abdij stamme kinne.[1]

De katedraal stie op 'e list fan 2000 World Monuments Watch fan it World Monuments Fund. De struktuer fan 'e sânstien hie bot fan it waar te lijen en eardere ynspannings om 'e tsjerke te behâlden levere net foldwaande op foar de problemen fan it gebou. Ek de moassen soargen foar in stadich ferfal fan 'e tsjerke. Om't de lytse kongregaasje sels net de nedige kosten byinoar bringe koe, joech de ûndernimming American Express oan 'e organisaasje finansjele stipe foar de needsaaklike konservearingskosten.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]