Katedraal fan Cobh

De Katedraal fan Cobh (offisjeel: Sint-Kolomankatedraal, Ingelsk: St. Colman's Cathedral, Iersk: Ard-Eaglais Naomh Colmán) is de biskopstsjerke fan it roomsk-katolike bisdom Cloyne yn 'e havenstêd Cobh oan 'e Ierske súdkust. De yn neogotyske styl boude katedraal stiet op in hichte op in prominint plak en is om fierrens te sjen. Under de yn 'e 19e iuw boude katedralen, dy't de âlde sûnt de reformaasje oan 'e Anglikaanske oerdroegen biskopstsjerken ferfange moasten, is de katedraal fan Cobh ien fan 'e djoerste en moaiste katedralen.

Sint-Kolomankatedraal

St. Colman's Cathedral
Ard-Eaglais Naomh Colmán

Lokaasje
lân Ierlân
provinsje Munster
plak Cobh
koördinaten 51° 51' N 8° 17' W
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Cloyne
patroanhillige Koloman fan Cloyne
Arsjitektuer
arsjitekt E.W. Pugin
George Ashlin
Thomas Coleman
boujier 1868-1915
boustyl neogotyk
Webside
www.cobhcathedralparish.ie
Kaart
Katedraal fan Cobh (Ierlân)
Katedraal fan Cobh

Foarskiednis

bewurkje seksje

De stifting fan it bisdom Cloyne yn 'e sechde iuw giet op 'e muonts Koloman fan Cloyne werom. Oer syn grêf ûntstie yn 'e 13e iuw de goatyske katedraal fan Cloyne. De katedraal waard lykas alle oare Ierske katedralen yn 'e 16e iuw oan 'e Anglikaanske Tsjerke fan it Ingelske keningshûs tawiisd. Oant yn 'e ein fan 'e 18e iuw moast de katolike tsjerke fan Ierlân as ûndergrûnske tsjerke sjen te oerlibjen. Sûnt 1769 hie de katolike biskop fan Cloyne syn sit yn Cobh en de lytse parochytsjerke tsjinne yn dy tiid as katedraal fan 'e biskop. Doe't yn 'e midden fan 'e 19e iuw de wetlike beheinings ferminderen en de finânsjele mooglikheden ferbetteren (yn dy tiid waard der goed jild fertsjinne yn Cobh om't it as emigraasjehaven tsjinne), ûntstie it plan om in nije katedraal te bouwen.

 
Brânskildere raam fan Kristus, dy't in lammenien genêst.

De bou fan 'e hjoeddeiske katedraal

bewurkje seksje

Op 30 septimber 1868 waard mei de bou fan 'e katedraal útein set. Dat wie yn in tiid doe't Cobh noch Queenstown hiet. Net earder as mei de ûnôfhinklikens fan Ierlân yn 1922 krige de stêd syn âlde namme Cobh werom. De arsjitekten fan 'e nijbou wiene Edward Welby Pugin, George Ashlin en Thomas Coleman. Yn 1915 waard 47 jier letter de katedraal foltôge. De katedraal fan Cobh is de op ien nei grutste tsjerke fan 'e Republyk Ierlân. It is in trijeskippige basilica yn krúsfoarm, dy't oanslút op de Frânske katedralegoatyk. De toer is mei in hichte fan 91,4 meter nei dy fan de katedraal fan Limerick de heechste fan it lân.

It oargel waard yn 1905 troch it oargelboubedriuw Telford & Telford (Dublin) efter in goatyske oargelkas boud en krige in plak op 'e westlike galerij. It instrumint hat 46 registers op trije manualen en pedaal. Oarspronklik hie it oargel pneumatyske trakturen, dy't yn 'e jierren 1970 ferfongen waarden troch elektro-pneumatyske trakturen.

It kariljon mei 46 brûnzen klokken waard yn 1916 ynstallearre. De grutste klok weget 3,6 ton, is ferneamd nei de patroanhillige fan 'e tsjerke en is ek de grutste klok fan Ierlân.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Kathedrale von Cobh