Katedraal fan Jehannes de Doper (Limerick)

De Katedraal fan Jehannes de Doper (Ingelsk: Cathedral St. John the Baptist) yn Limerick is de haadtsjerke fan it roomsk-katolike Ierske bisdom Limerick. De âldere katedraal yn 'e stêd, de St. Mary's Cathedral, is fan 'e protestanske Tsjerke fan Ierlân.

Jehannes de Doperkatedraal
Lokaasje
lân Ierlân
provinsje Munster
plak Limerick
koördinaten 52° 39' N 8° 37' W
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Tsjerke fan Ierlân
bisdom Limerick
patroanhillige Jehannes de Doper
Arsjitektuer
arsjitekt P.C. Hardwick
boujier 1856-1861
boustyl neogotyk
Webside
www.limerickdiocese.org
Kaart
Katedraal fan Jehannes de Doper (Ierlân)
Katedraal fan Jehannes de Doper

De tsjerke waard yn neogotyske styl boud en is de grutste tsjerke fan it lân. De toer is mei in hichte fan 93,3 meter de heechste tsjerketoer fan Ierlân.

Yn 1856 waard ûnder lieding fan arsjitekt Philip Charles Hardwick útein set mei de bou fan 'e katedraal, dy't yn 1861 foltôge waard. De toer is foltôge yn 1883 neffens tekeningen fan 'e arsjitekt M.A. Hennessy.

De tsjerke waard yn 'e jierren 2003-2004 renovearre.

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Katedraal fan Jehannes de Doper, Limerick fan Wikimedia Commons.