Katedraal fan de Berte fan de Hear (Volgodonsk)

De Katedraal fan de Berte fan de Hear (Russysk: Христорождественский собор, Christorozjdestvenski sobor) is in otterdokse katedraal yn Volgodonsk, Ruslân. It is de haadtsjerke fan it yn 2011 oprjochte bisdom Volgodonsk.

Bertekatedraal

Христорождественский собор

Lokaasje
lân Ruslân
oblast Rostov
plak Volgodonsk
adres 47° 31' N 42° 12' E
Arsjitektuer
boujier 2001-2011
boustyl Russysk-byzantynske styl
Webside
viseparchia.ru
Kaart
Katedraal fan de Berte fan de Hear (Jeropeesk Ruslân)
Katedraal fan de Berte fan de Hear
 
De bou fan de katedraal.

Mei de bou fan 'e katedraal waard yn 2001 begûn, mar de bou stûke al gau fanwegen brek oan jild. Op 15 oktober 2008 koe it wurk mei help fan 'e Kearnsintrale Rostov wer oppakt wurde. Yn 'e perioade 2008-2011 waard op 'e grûn fan 'e katedraal in lytse tsjerke ta eare fan Fjodr Usjakov as in monumint foar Ruslân's meast ferneamde 18e-iuwske marine-admiraal boud. Ek waarden der 13 klokken foar de klokketoer getten.

Op 1 augustus 2010 koe de earste Godlike Liturgy yn 'e oan Serafim fan Sarov wijde benedentsjerke fan 'e katedraal fierd wurde. Serafim fan Sarov is troch de Russysk-Otterdokse Tsjerke as patroanhillige fan 'e wurknimmers fan 'e kearnsintrales beneamd.

Tsjin 'e ein fan 2010 waarden de fjouwer lytse koepels en yn jannewaris 2011 de sintrale koepel op it bouwurk takele. De hichte fan 'e katedraal is 56 meter, ynklusyf it krús 58 meter.

It is it doel om op in terrein fan 7 hektare in kompleks fan gebouwen del te setten. Sa moat der noch in klokketoer, in sneinsskoalle, in ikoane-atelier, in boarterstún, in rekreaasjeromte en ûnderkommen foar pylgers komme.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Храм Рождества Христова (Волгодонск)