Volgodonsk
Volgodonsk (Russysk: Волгодо́нск) is in stêd yn de oblast Rostov yn Ruslân. Volgodonsk hat in drokke haven en is in lokaal yndustrieel sintrum mei wat swiere yndustry.
Volgodonsk | |
---|---|
Fredich Atoom (symboal fan Volgodonsk) | |
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Ruslân |
Oblast | Rostov |
Sifers | |
Ynwennertal | 169.953 (2017) |
Oerflak | 182,3 km² |
Befolkingstichtens | 932 ynw./km² |
Hichte | 50 m |
Oar | |
Stifting | 1950 |
Simmertiid | (UTC+3) |
Koördinaten | 47° 32' N 42° 12' E |
Webside | Side fan de stêd |
Geografy
bewurkje seksjeDe stêd leit yn de Don-regio yn de oblast Rostov, likernôch 1000 súdlik fan Moskou en ûngefear 190 km. eastlik fan Rostov oan de Don. De stêd dy't it meast deunby leit is Zimljansk, sa'n 20 kilometer noardlik fan Volgodonsk.
Skiednis
bewurkje seksjeVolgodonsk (letterlik "Wolga-Don-Stêd") waard yn 1950 as in arbeiderskoloanje foar de bou (en letter it ûnderhâld) fan it Wolga-Don-kanaal oanlein en krige yn 1956 stedsrjochten.
Yn de jierren 1999 en 2000 waard de stêd tegearre mei Bûjnaksk en Moskou troffen troch in rige terroristyske oanslagen op appartemintekompleksen, wêrby 't yn Volgodonsk 14 deaden foelen.
Sjoch ek
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Volgodonsk fan Wikimedia Commons. |