Kategory oerlis:Likenis yn it Nije Testamint
Lêste reäksje: 7 jier lyn troch RomkeHoekstra
Ik fyn de namme fan dizze kategory mar sa-sa. It kin om my wol wat neutraler; leaver soe ik sjen: "Bibelske likenis" of eat yn dy geast. "Likenis fan Jezus" liket (foar myn gefoel alteast) it idee út te dragen dat dizze ferhalen wier troch Jezus fan Nazaret optocht en ferteld binne, wat net te bewizen is. Lit ik it wat skerper stelle: nei myn miening is it frijwol wis dat de evangeeljeskriuwers him wurden yn 'e mûle lein hawwe. Mar goed, sa't ik sis, dat is in miening. Wat fine oaren hjirfan? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 5 apr 2017, 17.29 (CEST)
- "Likenis fan Jezus" of "Likenis út in Nije Testamint" kin om my beide wol. Drewes (oerlis) 5 apr 2017, 17.44 (CEST)
- De likenissen wurde troch de evangelisten oan Jezus taskreaun. De evangeeljes binne yn dit gefal de iennige boarnen, earne oars komme de likenissen ommers net foar en dêr sille wy it dan tink mar mei dwaan moatte. Der binne wol mear ûnderwerpen wêr't in âld geskrift it iennige hâldfêst biedt, boppedat wurdt der yn de stikjes ferwiisd nei wat de evangeeljes der oer skriuwe. Earlik sein fyn ik "bibelske likenis" in bytsje te dizich, it suggerearret dat der yn de Bibel folle mear fertellers fan likenissen foarkomme; der feroaret fierder ek neat want de ynhâld fan it artikel skriuwt ferfolgens de likenis wer oan Jezus ta. Alhoewol't it gjin argumint is wurdt troch de oare talen ek foar fierwei it grutste part "likenis (of parabel) fan Jezus" brûkt. Ik soe it dus mar sa litte RomkeHoekstra (oerlis) 6 apr 2017, 18.47 (CEST)
- Binne der oare likenissen yn it Nije Testamint as dizze? Likenis fan Paulus? Is der in grûn ta it ûnderskie mei likenissen út it Alde Testmint? Of is de Kategory sa lyts dat dit ienfâldich Kategory:Bybelske likenis is? Mysha (oerlis)
- Fan Jezus binne in lytse fjirtich likenissen bekend. Yn it Alde Testamint binne der ek noch in pear, sjoch foar it oersicht hjir: [1]. Oare parabels binne bûten de Bibel te finen, lykas yn de Koraan of wrâldske parabels. As der in kategory:Bibelske likenis komt, kinne Kategory:likenis fan Jezus en Kategory:likenis yn it Alde Testamint ûnderkategorieën wurde.