Katenoteïsme
Katenoteïsme (fan it Grykske καθἑνα θεοῦ, kathhena theou, "ien foar ien god") is in benammen teologysk brûkte term foar in religieuze praktyk yn in polyteïstyske kontekst, wêrby't ferskate goaden efterinoar (dus ien foar ien) fereare wurde, ynstee fan tagelyk. De term waard betocht troch de Dútske taalkundige en oriïntalist Max Müller (1823-1900). Katenoteïsme is nau besibbe oan henoteïsme, in praktyk wêrby't men leaut yn it bestean fan ferskillende goaden, mar dy sjocht as ôfspegelings fan ien wiere God. Müller brûkte de term 'katenoteïsme' foar syn beskriuwing fan 'e Veda's, in kategory âlde hillige teksten fan it hindoeïsme. Dêryn waard neffens him eltse god om bar as de heechste god behannele.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |