Katerine fan Bruce

Katerine fan Bruce (Ingelsk: Katherine Bruce; Normandysk-Frânsk: Catherine de Brus; 13?? – nei 1342) wie in oerwûne dochter fan 'e ferneamde Skotske frijheidsstrider en kening Robert de Bruce.

Katerine fan Bruce
aadlik persoan en/of hearsker
nasjonaliteit Skotsk
bertedatum ûnbekend
berteplak ? (Skotlân)
stjerdatum nei 1342
stjerplak ? (Skotlân)
dynasty Hûs Bruce
etnisiteit Normandysk
Skotsk
Iersk

Katerine fan Bruce waard yn it earste fearn fan 'e fjirtjinde iuw berne as de oerwûne dochter fan 'e Skotske kening Robert I en in ûnbekende mem. Oer har is fierders suver neat bekend. Hja wie troud mei in David Lindsay of David Lindsy, mei wa't hja ien dochter krige, Marjorie Lyndsay, dy't letter troude mei in Willem Douglas. It is ûnbekend wannear't Katerine stoar, mar se libbe yn elts gefal noch yn 1342.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: