Katyn
Katyn (Russysk: Катынь; Poalsk: Katyń) is in doarp (selo) yn de oblast Smolensk. It doarp leit likernôch 20 km westlik fan Smolensk en 60 km fan de Wyt-Russyske grins. It doarp hat in stasjon oan it ynternasjonale spoar Berlyn-Warsjau-Minsk-Moskou.
Katyn
Катынь | ||
Bestjoer | ||
Lân | Ruslân | |
Oblast | Smolensk | |
Rajon | Smolenski-rajon | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.737 (2007) | |
Oerflak | 27,94 km² | |
Befolkingsticht. | 62,17 ynw./km² | |
Oar | ||
Postkoade | 214522 | |
Tiidsône | UTC +3 | |
Koördinaten | 54° 46' N 31° 14.8' E |
Skiednis
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Moardnerij fan Katyn.
By it doarp leit it bosk dêr't yn it begjin fan de Twadde Wrâldkriich de Sovjets tûzenen Poalske ofsieren en boargers fermoarden. In dokumintaasjesintrum by de lokaasje betinkt it tragyske barren.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Katyn fan Wikimedia Commons. |