Kazankleaster (Jaroslavl)

It Kazankleaster (Russysk: Казанский монастырь, Kazanski monastir) is in otterdoks nonnekleaster yn 'e Russyske stêd Jaroslavl.

Kazankleaster

Толгский монастырь

Kazankatedraal.
Kazankatedraal.
Lokaasje
lân Ruslân
oblast Jaroslavl
plak Jaroslavl
koördinaten 57° 37' N 39° 53' E
Kleastergegevens
denominaasje Russysk-Otterdokse Tsjerke
Ynformaasje bou
monumintale status Monumint fan stêdebou en arsjitektuer
monumintnûmer 7600144000
Webside
Hiemside kleaster
Kaart
Kazankleaster (Jeropeesk Ruslân)
Kazankleaster

Skiednis bewurkje seksje

It opheffen fan belis fan Jaroslavl oan it begjin fan 'e 17e iuw troch de Poalsk-Litouske troepen yn 'e Tiid fan Unstjoer waard troch de bewenners fan Jaroslavl taskreaun oan 'e tuskenkomst fan Us-Leaffrou-fan-Kazan. Ta oantinken oan dat barren waard yn 'e jierren 1610 begûn mei de bou fan in Kazantsjerke yn it noardwestlike part fan 'e doedestiidske posad. By de tsjerke waarden kleastersellen boud foar de nonnen fan it Bertekleaster, dat yn 'e dagen fan it belis troch de Poalen yn 'e jiske lein wie.

 
Ofbyld fan it kleaster mei de net mear besteande klokketoer.

Yn 'e 19e iuw waarden in soad gebouwen ferfongen troch nijbou. Op it plak fan 'e âlde houten tsjerke feriisde tusken 1835 en 1845 de katedraal fan it Kazanikoan-fan-de-Mem Gods. Doe't it kleaster it 300-jierrich jubileum fierde, wennen der likernôch 400 nonnen yn it kleaster. Yn july 1910 late Tichon, de aartsbiskop fan it bisdom Jaroslavl-Rostov en lettere patriarch fan 'e Russysk-Otterdokske Tsjerke, de jubileumtsjinst yn 'e kleastertsjerke.

It kleaster wie ferneamd fanwegen de sangkeunst, it goudborduerwurk en it skilderjen fan ikoanen.

Nei de opstân tsjin 'e bolsjewiken yn Jaroslavl waard it monastike libben yn it kleaster troch it nije rezjym ôfskaft en de katedraal krige de funksje fan argyf.

Sûnt 1998 is it kleaster wer iepen.

Tsjerken bewurkje seksje

 
De restaurearre Foarbeatsjerke.

It Kazankleaster bestiet út twa tsjerken en in kapel.

  • Katedraal fan de it Kazan-ikoan fan de Mem Gods (boud yn 1835-1845, arsjitekt Avraam Ivanovitsj Melnikov);
  • Tsjerke fan 'e Foarbea fan de Mem Gods (boud yn 1820-1828, arsjitekt Timofev Aleksevitsj Medvedev);
  • Kazankapel mei klokketoer as ûnderdiel fan de súdeastlike kleastermuorre (boud yn 1818, ôfbrutsen tusken 1920 en 1930).

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Kazansky Monastery (Yaroslavl)