Keatsferiening Willem Westra

Keatsferiening Willem Westra is de keatsferiening fan it doarp Arum. Al op 18 maaie 1793 wurdt der yn de Ljouwerter Krante oer it keatsen yn Arum skreaun. Keatsferiening Arum waard oprjochte op 15 septimber 1895. De namme waard yn 1923 "Willem Westra" nei de oprjochter fan it Nederlânsk Keatsbûn. Willem Westra is berne oan it Keatsplein.

Oan it begjin waard der keatst oan it Keatsplein, letter waard by grutte wedstriden spile op de "koalsiederij" en noch wer letter nei it hjoeddeiske plak.

Alle jierren is der merkekeatsen en in wedstryd tsjin keatsferiening Achlum. It sit de feriening wat dwers dat it in hiel soad prizen wûn hat, mar nea de Bûnspartij. It ledebledsje hjit "De Skille".

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: