Keegenster Ryd
De Keegenster Ryd is in feart yn de gemeente Kollumerlân. De feart slút oan op De Grúts en rint benoarden it Grutte Ear fan polder De Keegen mei in soad bochten nei de Alde Lauwers.
Ried of ryd is in âlde namme foar in wetterrin. De feart ûntstie út in streamke en hat dan ek in meänderjend ferrin. It rint mei in bocht om de polder De Keegen mei de buorskip De Keegen. Oer in grut diel fan de lingte foarmet de Keegenster Ryd de grins tusken de himriken fan Warfstermûne en Boerum.
De namme Keegenster Ried jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Keegensterried.