Kees Spapens
Kees Spapens (Loon op Zand, 1933) is in byldzjend keunstner út Nunspeet. As beropssoldaat waard er legere op de Feluwe. Hy kaam dêr op syn fjirtichste hinne yn oanrekking mei de Frije Akademy foar byldzjende keunsten yn Nunspeet. Dêr folge er in teken- en skilderoplieding, mar keas dochs foar it byldhouwen. Dêrnei waard er frege gastdosint oan de akademy en krige letter de lieding oer de oplieding.
De froufiguer stiet sintraal yn syn wurk, benammen krêftige en ferliedlike froulju út de mytology. Dêrneist byldet er ek tema's út as relaasje, dûns of moade. Syn wurk is meastentiids útfierd yn brûns.
Spapens wurket in soad yn opdracht, bg. foar de gemeenten Staphorst en Nunspeet mar ek foar bedriuwen, ynstellingen en partikilieren.
Eksposysjes fan him wienen yn galery yn Harderwyk, IJsselmuiden Hulshorst, Dimter, Sutfen en Swol. Hy is ien fan de inisjatyfnimmers fan de Keunstrûte Nunspeet.