Kees van Bruggen
Cornelis Johannes Antonius (Kees) van Bruggen (Den Helder, 14 novimber 1874 – Amsterdam, 19 novimber 1960) wie in Nederlânske skriuwer en sjoernalist.
Kees van Bruggen | ||
skriuwer | ||
Kees van Bruggen (1954) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 14 novimber 1874 | |
stoarn | 19 novimber 1960 | |
offisjele webside | ||
Wurk yn de DBNL |
Biografy
bewurkje seksjeSjoernalist
bewurkje seksjeNei de middelbere skoalle wurke Van Bruggen in skoftke by in hannelskantoar, mar trede al gau yn tsjinst fan deiblêd "Het Volk ", wêrfoar't er toanielkritiken en de rubryk Op straat gezien skreau. Mei syn frou Carry van Bruggen-de Haan, suster fan Jacob Israël de Haan, gie er yn 1904 nei Nederlânsk-Ynje dêr't se op Sumatra tegearre de lieding krigen oer de Deli Courant. Werom yn Nederlân waard er yn 1907 sjoernalist by it "Algemeen Handelsblad" mei as stânplak Parys. Syn sjoernalistike wurk ferskynde letter yn in tal bondels.
Skriuwer
bewurkje seksjeKees van Bruggen syn earste roman, Het verstoorde mierennest, ferskynde yn 1916 en wie in grut sukses. It boek waard oant yn de jierren fjirtich in soad fannijs printe. Fan dat jier ôf publisearre er geregeld romans, novellen, gedichten en toanielstikken. Sosjale rjochtfeardichheid en oprjochtens yn in wrâld sûnder foaroardielen wie in weromkommend tema yn syn publikaasjes. By gelegenheid fan syn 80ste jierdei ferskynden syn bondele gedichten ûnder de titel Kruidentuin. Syn lêste roman en lêste publikaasje, Ontbonden garven , ferskynde yn 1957.
Oars as it oeuvre fan Carry van Bruggen is dat fan Kees fergetten. Syn namme en publikaasjes wurde in inkelde kear noch neamd yn de nei-oarlochske oersjoggen fan de Nederlânske literatuer.
Kees van Bruggen en Carry de Haan giene útinoar; Carry, dy't ek skriuwster wie, bleau lykwols ek nei har twadde houlik publisearjen ûnder de namme Carry van Bruggen.
Wurken
bewurkje seksjeIn kar:
- Het verstoorde mierennest. Amsterdam: Wereldbibliotheek, 1916
- De freule. Amsterdam: Querido, 1921
- Het leven van Joost Welgemoed. Amsterdam: Querido, 1921
- De liefde van Eugenius Berg. Amsterdam: Van Kampen en Zoon, 1926 (ûnder pseudonym Rein van Zanten)
- De verlaten man. Bussum: Van Dishoeck, 1928
- De geschiedenis van het huis. Een verhaal van vele avonturen. Bussum: Van Dishoeck, 1929
- De droge koetsjes, of de levensavond buiten. Bussum: Van Dishoeck, 1931
- Fontana Marina. Amsterdam: Wereldbibliotheek, 1949
- Ontbonden garven. Roman van een hedendaags gezin. Amsterdam/Antwerpen: Wereldbibliotheek, 1957
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kees van Bruggen fan Wikimedia Commons. |