Keflavik

(Trochferwiisd fan Keflavík)

Keflavík is in stêd yn Yslân mei goed 8.169 ynwenners op it skiereilân Reykjanes, op likernôch 50 km súdwestlik fan de haadstêd Reykjavik. Besuden de stêd leit it lytsere Njarðvík en tsjin it fleanfjild oan leit de wyk Vallarheiði mei 539 ynwenners.

Keflavik
Bestjoer
Lân Yslân
Regio Suðurnes
Gemeente Reykjanesbær
Sifers
Ynwennertal 15.930 (2018)
Oar
Stifting 16e iuw
Tiidsône GMT (UTC+0)
Koördinaten
Offisjele webside
Offisjeel webstee
Lizzing gemeente Reykjanesbaer
Norðfjörðsgata mei de Keflavíkurtsjerke

De stêd Keflavík leit yn de gemeente Reykjanesbær, in gemeente dy’t op 11 juny 1994 troch it gearfoegjen fan Keflavíkurkaupstaðar, Njarðvíkurkaupstaðar en Hafnahrepps ûntstien is en 16.463 ynwenners hat (2017).

Begjin 16e iuw ûntstie der op it plak fan it Keflavík fan no in Ingelske hannelspost, dy’t him troch de gaadlike lizzing oan de noardseekust ta in fiskersplak fan belang ûntjaan koe.

Yn de Twadde Wrâldkriich boude it Amerikaanske leger der in fleanfjild dat útgroeide ta wat no de lofthaven Keflavík is, de ynternasjonale lofthaven fan Yslân. In militêre NAVO-basis dielde fasiliteiten mei de lofthaven. Yn de Twadde Wrâldkriich en de Kâlde Oarloch spile de militêre basis yn Keflavík in wichtige rol by it yn de gaten hâlden fan skipfeartferkear en ûnderseeboatferkear fan de Noarske See en Grienlânsee nei de Atlantyske Oseaan. Sûnt de ûndergong fan de Sovjet-Uny is it strategysk belang fan de basis bot fermindere. Mei 1 oktober 2006 binne de Amerikanen út Yslân weigien en is ek it militêre part fan it fleanfjild sletten.

It besjen wurdich

bewurkje seksje

Keflavík hat foar Yslânske begripen aardich wat heechbou, wat beskiedend foar de skyline fan de stêd is. De gebouwen binne meast acht ferdjippingen en lizze ferspraat yn it sintrum.