Keflavik
Keflavík is in stêd yn Yslân mei goed 8.169 ynwenners op it skiereilân Reykjanes, op likernôch 50 km súdwestlik fan de haadstêd Reykjavik. Besuden de stêd leit it lytsere Njarðvík en tsjin it fleanfjild oan leit de wyk Vallarheiði mei 539 ynwenners.
Keflavik | ||
Bestjoer | ||
Lân | Yslân | |
Regio | Suðurnes | |
Gemeente | Reykjanesbær | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 15.930 (2018) | |
Oar | ||
Stifting | 16e iuw | |
Tiidsône | GMT (UTC+0) | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
Offisjeel webstee |
De stêd Keflavík leit yn de gemeente Reykjanesbær, in gemeente dy’t op 11 juny 1994 troch it gearfoegjen fan Keflavíkurkaupstaðar, Njarðvíkurkaupstaðar en Hafnahrepps ûntstien is en 16.463 ynwenners hat (2017).
Begjin 16e iuw ûntstie der op it plak fan it Keflavík fan no in Ingelske hannelspost, dy’t him troch de gaadlike lizzing oan de noardseekust ta in fiskersplak fan belang ûntjaan koe.
Yn de Twadde Wrâldkriich boude it Amerikaanske leger der in fleanfjild dat útgroeide ta wat no de lofthaven Keflavík is, de ynternasjonale lofthaven fan Yslân. In militêre NAVO-basis dielde fasiliteiten mei de lofthaven. Yn de Twadde Wrâldkriich en de Kâlde Oarloch spile de militêre basis yn Keflavík in wichtige rol by it yn de gaten hâlden fan skipfeartferkear en ûnderseeboatferkear fan de Noarske See en Grienlânsee nei de Atlantyske Oseaan. Sûnt de ûndergong fan de Sovjet-Uny is it strategysk belang fan de basis bot fermindere. Mei 1 oktober 2006 binne de Amerikanen út Yslân weigien en is ek it militêre part fan it fleanfjild sletten.
It besjen wurdich
bewurkje seksje- Duushús, oan de Duusgata 2-8, in gebou dêr't it âldste diel út 1877 is.
- Reykjanes Maritym Sintrum
- Keflavíkurkirkja, tsjerke út 1915
Heechbou
bewurkje seksjeKeflavík hat foar Yslânske begripen aardich wat heechbou, wat beskiedend foar de skyline fan de stêd is. De gebouwen binne meast acht ferdjippingen en lizze ferspraat yn it sintrum.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Keflavík fan Wikimedia Commons. |