Kempen (Dútslân)

(Trochferwiisd fan Kempen (stêd))

Kempen is in stêd en gemeente tusken Krefeld en Fenlo yn de Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. De gemeente hat likernôch 35.000 ynwenners (2022) op in oerflak fan 68,81 km² en heart bestjoerlik by de Kreis Viersen.

Kempen
Kastiel Kempen
Kastiel Kempen
Emblemen
Bestjoer
Lân Dútslân
Dielsteat Noardryn-Westfalen
Kreis Viersen
Sifers
Ynwennertal 34.562 (gemeente) (2021)
Oerflak 68,8 km²
Befolkingsticht. 502 ynw./km²
Hichte 35 m.
Oar
Postkoade 47906
Koördinaten 51° 21' N 6° 25' E
Offisjele webside
Side Kempen
Kaart
Kempen (Noardryn-Westfalen)
Kempen

It gebiet fan de stêd Kempen waard om 890 yn de registers fan de Benediktynske abdij Werden as Campunni neamd. Om it jier 1000 hinne ûnstie om in hearehôf fan de Keulske aartsbiskip hinne in delsetting fan boeren. De âldst bewarre oarkonde datearret fan 1186.

 
Noardlike Kowepoarte

Yn de 13e iuw waard Kempen in stêd en yn 1372 krige de stêd it ekonomysk wichtige rjocht merken te hâlden. Fan 1396 oant 1400 waard op oantrunen fan de aartsbiskop fan Keulen it kastiel boud. De stêd makke in de lette midsiuwen in grutte bloei mei en telde doe likernôch 2000 ynwenners. Yn dy tiid libbe ek de ferneamste ynwenner fan de stêd, de mystikus Tomas fan Kempen (1380–1471).

Mei de 16e iuw sette de stadige delgong fan de stêd útein. Yn 1579 waard de stêd besocht troch de pest; hast de helte fan de ynwenners ferstoar. Yn de Tritichjierrige Kriich, nei de Slach op de Kempener Heide, waard Kempen yn 1642 fan Hessyske troepen oermastere en beset. Frânske revolúsjetroepen besetten en anneksearren yn 1794 de lofter kant fan de Ryn en dêrmei ek Kempen. Kempen waard yn 1798 it haadplak (chef-lieu) fan it Canton Kempen yn it Département de la Roer.

Op it Weenske Kongres waarden belangrike dielen fan it Rynlân oan it Keninkryk Prusen tasein. Under Prusysk bestjoer waard Kempen fan 1816 oant 1929 it haadplak fan de Kreis Kempen. De stêd krige wer ekonomysk oansjen, û.o. ek tanksij de oansluting op it spoar Krefeld-Kleef. Nei de Earste Wrâldkriich waard de stêd troch Belgyske troepen beset.

Yn de nasjonaalsosjalistyske tiid waard de synagoge yn de Umstraße yn brân stutsen. Op 10 desimber 1941 waarden de 124 joaden út Kempen nei it getto fan Riga deportearre. De stêd hie tusken 1943 en 1945 te lijen fan meardere bombardeminten; it doel wie fral it stasjon en it spoar. By de swiere loftoanfal ferstoaren op 10 febrewaris 1945 90 minsken. De deis foar de ynname fan Kempen op 3 maart troch Amerikaanske troepen waarden yn it sintrum fan de stêd ek noch bommen smiten.

De histoaryske binnenstêd waard yn de jierren 1960 yngreven opknapt. Troch in weryndieling waarden op 1 jannewaris de oant dan selsstannige gemeenten Schmalbroich, Sankt Hubert en Tönisberg by Kempen foege.

Op 1 jannewaris 1975 waard de Kreis Kempen nei 150 jier opheft en by Kreis Viersen foege. De stêd fierde yn 1994 syn 700-jierrich jubileum. Pas sûnt de lêste dessinia kent de stêd grutskalige stedsútwreiding.

Stedsyndieling

bewurkje seksje

By de stêd Kempen hearre de folgjende stedsdielen:

Wapen Stedsdiel Ynwennertal 31-05-2020[1] Opmerking
  Kempen 21.903
  Sankt Hubert 7.693 likernôch 2 km noardeastlik
fan de stêd
  Tönisberg 3.221 yn de uterste noardeastlike hoeke
fan it stedsgebiet
  Schmalbroich 1.796 in samling fan buorskippen
om Kempen hinne

It besjen wurdich

bewurkje seksje
 
Binnenstêd mei Proasdijtsjerke

It tusken 1396 oant 1400 yn opdracht fan aartsbiskop Freark III fan Saarwerden boude kastiel mei trije tuorren stiet yn in park mei monumintale beammen. It kastiel stjinnet as oerheidsargyf en it is net foar toeristen tagonklik.

Yn de histoaryske binnenstêd ferwize de nammen fan in soad strjitten en stegen (mei de útgong -wall of -graben) nei de stedsmuorren en grêften, dy't ea om de stêd leine en foar in diel bewarre bleaune. De Turmmühle út 1481 foarmet noch in ûnderdiel fan de eartiidske stedsmuorre en krige by de restauraasje syn wjukken werom. Fanút it noarden is de histoaryske binnenstêd troch de Kowepoarte (Kuhtor) tagonklik. Fan de súdlike stedsmuorren is de Petrustoer (Peterturm), in diel fan in eartiidsk grutter poartekompleks, út it ein fan de 15e iuw bewarre bleaun.

De katolike proasdijtsjerke fan de Berte fan Marije is in goatyske halletsjerke yn Kempen. De tsjerke hat in bysûnder ryk ynterieur, dy't foar de earstige skansearrings oan it gebou yn de Twadde Wrâldkriich earne oars opslein waard. Súdlik fan de stêd stiet de romaanske Petruskapel út 900.

Sûnt de jierren 1970 jildt Kempen as in slagge foarbyld fan stedsfernijing. De stegen mei de foar in part noch âlde fakwurkhûzen binne feroare yn fuotgongerssônes en fral op de Buttermarkt mei syn kafee's meie de minsken graach wêze.

Yn de oare stedsdielen fan binne noch de fakwurk-wartoer fan Sankt Hubert, de standermûne fan Tönisberg en de kastieltsjes fan Schmalbroich it neamen wurdich.

  • Städtisches Kramer-Museum
  • Kulturforum Franziskanerkloster (museum foar Nederrynske wijde keunst)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis de:Kempen

  1. (dú) Daten & Fakten Stadt Kempen