Camping Appelhof

(Trochferwiisd fan Kemping Appelhof)

Camping Appelhof is in jeugdcamping op Skylge, by Formearum. Yn de simmermoannen is de camping foar de jongerein meast drok. De camping is bedoeld foar jongerein tusken de 15 en 23 jier. It is de grutste jeugdcamping fan de Waadeilannen. De camping hat syn eigen snackbar en in eigen diskoteek mei de namme 'The Big Apple'. Op de camping binne allinnich steantinten te finen dy't hierd wurde kinne.

Dokumintêre bewurkje seksje

De Appelhof kaam yn septimber 2002 yn it nijs doe't yn Uit je tent fan V8 in hege muorre fan bierkretten toand waard. De dokumintêre bliek letter foar in paret yn sêne setten te wêzen.

Keppeling om utens bewurkje seksje