Keninginnebrêge (Snits)
De Keninginnebrêge is in draaibrêge yn de stêd Snits.
Keninginnebrêge | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
plak | Snits | |
oer | Looxmagrêft | |
koördinaten | 53°02' N 5°39' E | |
Algemiene gegevens | ||
boujier | 1980 (nijbou) | |
iepening | 1885 1985 (nijbou) | |
Eigenskippen | ||
type | draaibrêge | |
Kaart | ||
De brêge bestiet út in draaiend weidek en in trochfeartiepening. De earmen fan it draaiplatform binne ûngelyk. De brêge wurdt selden iepene en wurdt noch altiten mei de hân betsjinne. De brêge is ûnderdiel fan de rûte fan de Alvestêdetocht.
De brêge draacht de namme Keninginnebrêge as oantinken fan de ynhuldiging fan keninginne Wilhelmina yn 1898. Op it plak fan de hjoeddeiske brêge, dy't yn 1985 iepene is, lei earder al in brêge mei deselde namme út 1885.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |